Springe nei ynhâld

Apeldoarn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Apeldoorn)
Apeldoarn
Apeldoorn
Paleis Het Loo
Paleis Het Loo
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Apeldoarn
Sifers
Ynwennertal 138.945 (2021)[1]
Oar
Ferkearsieren A1 A50 N304 N344 N345 RING
Spoar fan Amsterdam nei Sutfen
Postkoade 7300 - 7339
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 13' NB, 5° 58' EL
Oranjepark
Oranjepark
Natoerpark Berg en Bos
Natoerpark Berg en Bos
Kaart
Apeldoarn (Gelderlân)
Apeldoarn
Kaart
Paleis Het Loo
Kaart fan Apeldoarn
Dizze side giet oer de stêd Apeldoarn. Foar de gemeente dêr't de stêd it haadplak fan is, sjoch: Apeldoarn (gemeente).

Apeldoarn[2] (Nederlânsk en offisjeel: Apeldoorn; Nedersaksysk: Apeldoorne) is in stêd yn de Nederlânske provinsje Gelderlân en is tagelyk it haadplak fan de gemeente Apeldoarn. De stêd hat 138.945 ynwenners (2021) wylst de gemeente 168.193 ynwenners hat (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). De stêd is nei Nimwegen en Arnhim de tredgrutte stêd fan Gelderlân en ien fan de 22 stêden yn Nederlân oer de 100.000 ynwenners.

Apeldoarn ûntjoech him benammen yn de tweintichste iuw ta ien fan de gruttere plakken yn Nederlân. Apeldoarn foarmet mank mei Dimter en Sutfen en guon gemeenten yn Gelderlân en Oerisel de Stêdetrijehoeke. Apeldoarn is ferneamd om syn stedsparken en is ien fan de grienste stêden yn Nederlân. Tekenjend foar Apeldoarn binne de Apeldoarnske hûske-struktuer mei in soad monumintale en frijsteande wenten en net al te folle heechbou. Mei likernôch 100.000 wurkplakken[3] is Apeldoarn in wichtich wurkgelegenheidsintrum foar Mid- en East-Nederlân.

Apeldoarn hat nea stedsrjochten krigen en is dus offisjeel gjin stêd. Hoewol't sûnt de mid njoggentjinde iuw de âlde stedsrjochten gjin wetlike betsjutting mear hawwe, wurdt Apeldoarn hjoed-de-dei omreden syn grutte as in folsleine stêd beskôge.[4]

De namme komt mooglik fan it Germaanske apuldra/apuldron of apuldrum (datyf meartal fan apuldra itjinge "delsetting by de apelbeammen" betsjut. De ferklearring dy't útgiet fan apa "rivier/stream" bliek net korrekt te wêzen.

In kopije út 1170-1175 fan in dokumint fan 790-793 neamt uilla uel marca Appoldro. Yn de trettjinde iuw komt Apeldern, Apeldorne en Apeldoren foar. Yn de fjirtjinde iuw komt Apeldoern, Appeldoren en Apeldoorn foar.[5]

Apeldoarn yn de 17e iuw troch Jacob van Ruisdael

De skiednis fan Apeldoarn giet tebek oant 792 doe't it plak neamd waard yn in skinkingsakte. It plak ûntstie oan de râne fan de Feluwe dy't yn de midsiuwen gaadlik foar lânbou wie. Apeldoarn bliuw yn de rin fan de midiuwen in lyts doarpke dat mar út in pear h☼zen bestie. Oan de ein fan de sechtjinde iuw kaam de papieryndustry op gong. Yn 1684 kocht steedhâlder Willem III fan Oranje it hûs Het Loo en liet dêrnjonken it Paleis het Loo bouwe omreden dat Apeldoarn yn it midden fan in jachtgebiet lei. Dêrnei hawwe ferskate leden fan de keninklike famylje yn it paleis wenne oant it ferstjerren fan keninginne Wilhelmina. Loadewyk Napoleon hat it paleis brûkt as simmerresidinsje. It paleis is s☼nt 1984 in museum.

Kening Willem I liet, út eigen finânsjes, it Apeldoarnsk Kanaal grave om de ekonomy yn de omkriten in ympuls te jaan. It earste part, fan Hattem by de Isel nei Apeldoarn kaam ree yn 1829 en waard yn 1868 trochlutsen nei Dieren dêr't er wer op de Isel oanslút. Ek skonk kening Willem I in tredde part fan it jild dat nedich wie om in grindpaad by it kanaal del oan te lizzen. Dat ferkoarte de reistiid tusken Swol en Arnhim in ein. Yn 1876 waard Apeldoarn oansletten op it spoar fan Amsterdam nei Sutfen en waard it Stasjon Apeldoarn iepene. Dat fergrutte de bedriuwigens yn it plak mar it belang fan it Apeldoarnsk kanaal naam ôf. It noardlik part fan it kanaal waard yn 1962 sletten en it súdlik part yn 1972.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd rekke net skansearre yn de kriich mar de deportaasje fan Joaden sette dêr eardere útein as in soad oare plakken. Yn oktober 1941 waarden der 1.549 Joaden registrearre yn Apeldoarn.[6]. Under harren wiene in soad flechtlingen en ek pasjinten en fersoargjend personiel fan de twa Joadske fersoargingsynstellings. De arrestaasjes en deportaasjes setten útein yn oktober 1941 en de measte Joadske ynwenners fan Apeldoarn waarden yn 1942 deportearre. Yn jannewaris 1943 moasten de oerbleaunen nei it Het Apeldoornsche Bosch, in Joadsk psychiatrysk sikehûs. 1200 pasjinten waarden yn jannewaris 1943 mei kypweinen nei it stasjon brocht dêr't se yn frachttreinen dreaun waarden. Hja waarden nei Auschwitz brocht dêr't se fermoarde waarden. In part fan it personiel gie mei de trein mei, wylst oare personiel mei de noch yn Apeldoarn wêzende Joaden nei Kamp Westerbork brocht waarden.

Yn 1942 hat Seyss-Inquart besletten dat Apeldoarn it regearsintrum wurde soe en dat alle wichtige tsjinsten fan de Haach nei Apeldoarn en omkriten ferhûzje soene. Yn gefal fan in ynvaazje oer see hiene de ferskate tsjinsten de tiid nei Dútslân te flechtsjen. Seyss-Inquart, Hanns Rauter en it Dútske oerbefel hei syn sit yn in filla oan de Loolaan en yn 1943 leit Seyss-Inquart in lytse bunker bouwe dêre.

Justjes nei it begjin fan Operaasje Market Garden op 17 septimber 1944 waarden Arnhim en omlizzende plakken troch de Dútske besetter evakuearre. Fan dy evakuees kamen der 30.000 telâne yn Apeldoarn. Dat wie in grutte belêsting fan de stêd dy't doe om de 70.000 ynwenners hie. Der ûntstie in tekoart oan iten. Yn de nacht fan 6 op 7 maart die it Apeldoarnske ferset in oanslach op in Dútsk legerreau by Woeste Hoeve. Hja wisten net dat Hanns Rauter yn dy reau siet en dy rekke swier ferwûne. Hy oerlibbe de oanslach lykwols. De bedoeling wie om in Dútsk legerreau te bemachtigjen om tefoaren te kommen dat dy by in slachterij yn Epe komme soe, dêr't it ferset ûnder lieding fan Geert Gosens mei in frachtwein fleis by dy slachterij helje soe ear't de Dútsers dat dwaan soene. De Dútsers lieten as andert hûnderten finzenen eksekutearje, wêrfan 117 by Woeste Hoeve.

Op 2 oktober 1944 eksekutearren de besetters 8 fersetslju en 2 alliearde piloaten. De liken waarden troch de stêd hinne ferspraat. Dyselde middeis holden de besetters in razzia, dêr't 11.000 manlju ophelel waarden foar wurkjen oan de Iselliny. 4.000 fan harren waarden ynset, wylst de rest nei hûs ta koene. Op 2 desimber dat jiers wie der in twadde razzia, dêr't 12 fersetslju en ien allierde piloat by eksekutearre waarden.

Op 17 april 1945 waard Apeldoarn troch Kanadezen fan de 48th Highlanders of Canada befrijd. Sûnt 2 maaie 2000 hat Apeldoarn it Nasjonaal Kanadeesk Befrijingsmonumint. Dat waard oprjochte omreden de grutte Kanadeeske bydrage oan de befrijing fan Nederlân. Krapoan 6.000 Kanadeeske soldaten kamen dêrby om it libben. Oan 'e ein fan de kriich holden de Kanadezen harren haadkertier yn Paleis Het Loo.

Op 7 oktober 1946 kamen 22 learlingen fan de Kristlike HBS om it libben doe't in fleantúch op de skoalle delstoarte.

Yn de 1960-er jierren fêstigen rykstjinsten, lykas de Belestingtsjinst, Domeinen, Kadaster, en in soad oare bedriuwen yn Apeldoarn. Apeldoarn waard oanmurken as in groeistêd en yn de 1960-er en 1970-er jierren waarden de wiken De Maten en Zevenhuizen boud. Yn dy lêste wyk waard de earste heechbou yn Apeldoarn boud.

Op Keninginnedei yn 2009 by de trochtocht fan de keninklike autobus nei Paleis Het Loo waarden ferskate taskôgers troch in auto oanriden. Dy oanslach, dy't nei alle gedachten op de keninklike famylje rjochte wie, late ta acht deaden en tsien ferwûnen.

Flats oan de kanaalouwers

Apeldoarn leit oan de eastlike râne fan de Feluwe. De stêd is it grutste en haadplak fan de gemeente Apeldoarn. Njonken de stêd hat de gemeente noch tsien offisjele kearnen. It doarp Ugchelen is in offisjele kearn, mar leit yn de wyk Apeldoarn-Súdwest en wurdt sadwaande ek wol as in part fan de stêd apeldoarn sjoen.

Apeldoarn bestiet út acht wiken dy't wer út 65 buerten besteane.

  • Apeldoarn-Sintrum: Binnenstêd, Haven-Sintrum
  • Apeldoarn-West: Brinkhorst, Sprengenweg-Noard, Sprengenbos, Berg en Bos, Driehuizen, Orden, Park Berg en Bos
  • Apeldoarn-Súdwest: Ugchelen, Ugchelen-Súd, De Heeze, Westenenk, Winkewijert, De Bouwhof, Brouwersmolen, Dennenheuvel, Holthuizen, Brouwersmolen-Súd, Wernem, Ugchelen-Contour, Ugchelen Bûten
  • Apeldoarn-Súd: Brummelhof, Vogelkwartier, Staatsliedenkwartier, Componistenkwartier, Rivierenkwartier, Malkenschoten, Kayersmolen-Noard, Kayersmolen-Midden, Kayersmolen-Súd
  • Apeldoarn-Súdeast: Matendreef, Matenhorst, Matendonk, Matenhoeve, Matenveld, Matengaarde, Matenhoek, Kuipersveld
  • Apeldoarn-East: Welgelegen, Osseveld (East en West), Woudhuis, Zonnehoeve, De Voorwaarts, Bedriuwepark Ecofactorij, Bedriuwepark East
  • Apeldoarn-Noardeast: (Ald-) Zevenhuizen, Sluisoord, De Mheen, Anklaar, Sprenkelaar, Gentiaan, Bedriuwepark Apeldoarn-Noard, Sleutelbloem, Zuidbroek
  • Apeldoarn-Noard: De Parken, Spainkbos, Loolaan-Noard, Het Loo, Kerschoten-West, Kerschoten, Paleispark, De Vlijt, Stadhoudersmolen, Hommel

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yngng fan Paleis Het Loo
  • Paleis Het Loo
  • De Parkebuert yn de wyk De Parken, noardlik fan it sintrum , steane in soad âlde hearehûzen, guon ryk opsierd mei ornaminten. Der is yn dy wyk in soad grien. Yn 2005 waard de wyk in ryksbeskerme stedsgesicht.
  • De fillawyk Berg en Bos wurdt skaaimerke troch syn romme opset, kringeljende leanen mei bebouwing yn de noch oanwêzige bosken. Oan de râne fan dy wyk leit it natoerpark Berg & Bos.
  • It sintrum hat in mjuks fan âlde en nij-moadrige gebouwen. Yn de njoggentjinde iuw wie Apeldoarn noch mar in doarp en dêrom befettet it sintrum in nijmoadrich uterlik mei grutte winkelgebouwen. De gemeente tsjut de stêd oan as in "19e iuwske monumintestêd" De gemeente wol de kommende tiid it sintrum oanlokliker meitsje, sa as bygelyks de beek de Grift dy't fannijs yn de binnenstêd útgroeven waard. Apeldoarn hat 580 monumintale objekten.
  • Apenheul, in bistetún
  • Julianatoren, in attraksjepark
  • Nasjonaal Museum Paleis Het Loo
  • CODA is in gearfoeging fan de sintrale biblioteek, it eardere Van Reekum en it earder Apeldoarnsk Histoarysk Museum.
  • Museum fan de Kânselarij fan de Nederlânske Ridderoarders
  • Veluwsche Stoomtrein Maatschappij
  • Weromtinkensintrum Apeldoornse Bosch
  • Museum foar Keunst yn de Iepenbiere Romte
Grutte Tsjerke
  • Grutte of Keninginnetsjerke fan 1892, in herfoarme tsjerke dy't troch keninginne Emma stifte waard.
  • De Marije te'n Himelopnimmingstsjerke, katolike eardere dekanale parochytsjerke út 1898 dy't ûntwurpen is troch J.W. Boerbooms en dienmakke is troch arsjitekten Jan Stuyt en Joseph Cuypers.
  • Parochytsjerke fan Apeldoarn-Súd út 1924 wijd oan de hillige Fabianus en Sebastianus, ûntwurpen troch arsjitekt Jan van Dongen jr.
  • De grifformearde Noardertsjerke út 1898 ûntwurpen troch J.A. Wijn.
  • De Barnabastsjerke út 1920 fan arsjitekt J.A. Heuvelink.
  • De herfoarme Julianatsjjerke út 1927 fan de arsjitekten J.G. en P.K. Mensink.
  • De minnistetsjerke út 1930 fan arsjitekt G.W. van den Beld.
  • De Regintessetsjerke fan de Nederlânske Protestantebûn út 1931 fan arsjitekt J.H. Klosters.
  • De grifformearde Sudertsjerke út 1932 ûntwurpen troch E.J. Rotshuizen.
  • De herfoarme Goede Hoedertsjerke út 1934 fan arsjitekt T.G. Slijkhuis.
  • De roomsk-katolike Sint-Teresia út 1939 fan J.G.A. van Dongen.
  • De roomsk-katolike Victortsjerke út 1955 fan arsjitekt H.W. Valk.
  • De tsjerke fan de Grifformearde Gemeenten út 1959 fan arsjitekt H. Berkhoff.
  • De evangelyske Sindelingsgemeente Menorah út 1983.
Haadkantoar fan it Kadaster yn Apeldoarn
Haadkantoar fan Agrifirm

Yn Apeldoarn binne de haadfêstings fan in stikmannich grutbedriuwen. Fersekeringsbedriuw Centraal Beheer, hjoed-dedei part fan Achmea hat syn haadkantoar sûnt de 1970-er jierren yn Apeldoarn. Hja binne benammen ferneamd om de reklames en harren sin Even Apeldoorn bellen (Eefkes Apeldoarn skilje). Ek hat it Kadaster syn haadkantoar yn Apeldoarn.

Wegener, útjouwer fan kranten en tydskriften, hie yn Apeldoarn syn haadfêstiging oant 2015 doe't er oernommen waard troch De Persgroep Nederland. Oare media dy't yn Apeldoarn fêstige binne, binne Erdee Media Groep en NL Media Groep. De Plysjeakadeemje hat syn haadsit yn Apeldoarn.

It merk Zwitsal fan libbensmiidels en kosmetica, sette útein yn Apeldoarn troch apoteker C.J. Jansen. Hy waard yn 1964 oernommen troch AKZO en yn 2011 sleat de fabryk yn Apeldoarn en waard de produksje trochset yn Poalen.

Oare bekende bedriuwen dy't in fêstiging yn Apeldoarn hawwe binne:

  • Agrifirm, lân- en túnkerkoöperaasje
  • Belestingtsjist (Sintrale Administraasjee en de ICT)
  • HANOS, ynternasjonale hoarekagruthannel
  • Opliedings-, Trainings- en Kennissintrum Keninklike Maresjaussee
  • Monuta, útfeartfersoarging en -fersekering
  • Remeha, produsint fan sintrale ferwaarmingsprodukten
  • Royal Talens, fabrikant fan guod dêr't ferlet fan is foar keunstskilders en yn hobbyferve
  • Sandd, postbedriuw
  • Sparta, fytsfabryk

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stasjon Apeldoarn

By Apeldoarn leit t knooppunt Beekbergen dêr't de A1 (Amsterdam-Dútske grins by Oldenzaal) en A50 (Emmeloard-Eindhoven) inoar kruse. Op de A50 tusken Apeldoarn en Arnhim en op de A1 tusken Apeldoarn en Dimter-East binne yn 2006 spits- en plusstripen oanbrocht. Apeldoarn hat in ringwei dy't troch de beboude kom rint.

Apeldoarn hat trije spoarstasjons: Stasjon Apeldoarn, Stasjon Apeldoarn Osseveld en Stasjon Apeldoarn De Maten en dy binne ferbûn oan it Spoar fan Amsterdam nei Sutfen. It gebiet om it Stasjon Apeldoarn waard yn 2010 folslein fernijd.

Noardeastlik fan de stêd leit Fleanfjild Teuge. De lofthaven waard yn 1935 iepene en wurdt ynlânske en ynternasjonale boargerloftfeart brûkt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
  2. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 150.
  3. Apeldoorn in cijfers oproppen op 2 desimber 2019
  4. www.plaatsengids.nl/apeldoorn
  5. Nederlandse plaatsnamen verklaard G. van Berkel & K. Samplonius (2018) op www.etomologiebank.nl
  6. Joadske gemeenten:Apeldoarn Joadske Kultureel Kertier, oproppen op 17 jannewaris 2022