Spoarstasjon

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
It Gare du Nord yn Parys, ien fan 'e bekendste spoarstasjons fan 'e wrâld.

In spoarstasjon, ek spoarweistasjon of treinstasjon of koartwei stasjon, is in plak dêr't treinen stilhâlde en wer ôfsette, sadat reizgers yn-, út- of oerstappe kinne en guod yn- of útladen wurde kin. Stasjons besteane yn ferskillende foarmen. Guon lytse stasjons omfetsje bygelyks allinnich in perron, in kaartsjesautomaat, in abry en in plak om fytsen te stallen. Gruttere stasjons omfetsje behalven ferskate perrons en in ranzjearterrein ek in stasjonsgebou mei loketten (as dy noch net ferfongen binne troch automaten), in wachtromte, húskes en faak ek in kiosk, in restaurant en soms oare winkels.

Yn 'e spoarwrâld wurdt ûnderskie makke tusken 'stasjons' en 'haltes': stasjons hawwe seinen en wiksels, wylst haltes dêr net oer beskikke. It grutste type spoarstasjon is it sintraal stasjon, dat sintraal leit yn in grutte stêd. It fungearret as begjin- en einpunt fan ferskate spoarlinen, en kin wol tsientallen perrons omfetsje. Benammen by in sintraal stasjon, mar ek wol by oare stasjons, slute spoarlinen oan op oare foarmen fan iepenbier ferfier, sadat reizgers oerstappe kinne op bussen, trams of metro's.

It earste funksjonearjende spoarstasjon wie The Mount, oan 'e Oystermouth Railway (letter de Swansea and Mumbles Railway) yn it Welske Swansea, dêr't yn 1807 al begûn waard mei passazjiersferfier. It wie lykwols gjin treinstasjon, mar in stasjon oan it spoar fan in hynstetram, in soartemint lytseftige trein dy't lutsen waard troch hynders ynstee fan troch in lokomotyf.

Yn Nederlân binne tsjintwurdich stasjonsgebouwen eigendom fan 'e Nederlânske Spoarwegen (NS), dêr't se ûnderbrocht binne by de difyzje NS Stasjons. De perrons, ranzjearterreinen en alle oare 'bûtenwurken' falle ûnder ProRail, dat ek ferantwurdlik is foar it eigentlike spoar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.