Ugchelen
Ugchelen | ||
Tsjerke fan Ugchelen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Apeldoarn | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.275 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 7339 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 11' NB, 5° 56' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lizzing yn de gemeente Apeldoarn |
Ugchelen is in doarp yn de gemeente Apeldoarn yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It doarp leit oan de eastlike râne fan de eastflank fan de Feluwe. It doarp hat 6.275 ynwenners (2021) en is part fan de Apeldoarnske wyk Apeldoarn-Súdwest. It doarp is dêrtroch winliken in buert fan de kearn Apeldoarn, dochs wurdt as in eigen doarp beskôge.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme kin faaks besibbe wêze oan it Aldsaksyske ûchta en it Midnederdútske uchte "moarns/moarnstwiljocht", Westfaalske uchte "moarnsgreide, greidlân dêr't it fee moarns op dreaun wurdt".
De namme komt foar it earst foar yn 1243 as in monte qui dicitur Uchtelerberg yn 1294-1295 apud Uggelremere, 1330 uchtelen, sechtjinde iuw Oechelen, Ugchelen, Uchelen en yn 1839 as Ugchelen.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spoaren fan bewenning yn it gebiet fan Ugchelen binne fûn fan om 2000 f.Kr. hinne. Hunebêdbouwers fan Drinte fêstigen harren ek yn de omkriten. Skerven fan ierdewurk út dy snuorje wei binne fûn. Ut de izertiid en de brûnstiid, justjes foar de jiertelling, binne der grêfheuvels fan Germaanske stammen, lykas de Gamaven dy't yn de omkriten wennen, fûn.
It doarp ûntstie yn de sechtjinde iuw doe't it gebiet gaadlik fûn waard foar papieryndusry. Troch de hichteferskillen, fan 21 oant 90 meter boppe seenivo, koene der springelbeken, as wetterboarnen foar de papiermnûnen, oanlein wurde. Der hawwe wol 11 papiermûnen stien yn en by Ugchelen.
Yn 1924 waard de Nederlânsk-Herfoarme tsjerke boud dy't in lokaal fan 1891 ferfong. Yn 1910 waard der in markant gebou by Ugchelen boud, it roomsk-katolike berne- en ophelpoarde Ceasarea ûntwurpen troch G.E. Caesar. Hy ûntjoech dêrby in fakânsjekoloanje mei in kapel foar stedske bern.
Yn de tweintichste iuw kaam Ugchelen ûnder de reek fan it úttynjende Apeldoarn te lizzen dêr't it letter alhiel oan fêstwoeks. Hjoed-de-dei is Ugchelen winliken in buert yn de wyk Apeldoarn-Súdwest. Ugchelen is lykwols noch hieltyd in eigen doarp mei in doarpsk karakter, om't de ynwenners fan Ugchelen gjin part fan Apeldoarn wêze wolle.[3]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Strjitbyld yn Ugchelen
-
Kapel fan hûs Caesarea
-
Papierfabryk Altena
-
Leesterheide
Berne yn Ugchelen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Robin Linschoten (1956), politikus
- Dirk Egbert Witteveen (1949-2007) bankier
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|