Aldsaksysk

Ut Wikipedy
Aldsaksysk
algemien
oare namme(n) Saksysk, Aldnederdútsk
taalgebiet Noardwest-Jeropa
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Aldsaksysk
skaaimerken
tiidrek 7e iuw1150
ûntstien út Súdwestgermaansk
ûntjûn ta Midnederdútsk
taalkoades
ISO 639-3 osx

It Aldsaksysk, Saksysk of Aldnederdútsk wie de Westgermaanske taal dy't sprutsen waard troch it folk fan 'e Saksen, yn in gebiet dat no it easten fan Nederlân en it noardwesten fan Dútslân beslacht. Dizze taal bestie rûchwei fan 'e sânde oant de tolfde iuw en kaam fuort út 'e Ryn-Wezer-dialekten fan it eardere Súdwestgermaansk. Tsjin 'e midden fan 'e tolfde iuw ûntjoech it him ta it Midnederdútsk, dêr't letter it tsjintwurdige Nederdútsk/Nedersaksysk út fuortkaam.

Besibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it Aldsaksysk fan âlds yndield wurdt as ien fan 'e oertalen fan 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske taalkloft fan 'e Súdwestgermaanske talen (mei it Aldfrankysk), wie it ek nau besibbe oan it Aldingelsk en it Aldfrysk. Sa dielde it yn guon ingveonismen, de taalkundige fernijings dy't de Noardwestgermaanske talen (Ingelsk, Frysk, ensfh.) ûnderskiede fan 'e Súdwestgermaanske talen (Nederlânsk, Dútsk, ensfh.). Guon taalkundigen klassifisearje it Aldsaksysk dêrom net in Súdwestgermaanske taal, mar as in ûnderdiel fan 'e Noardwestgermaanske taalgroep. Lykwols, ek it Nederlânsk, dat nimmen as in Noardwestgermaanske taal beskôget, dielt yn guon ingveonismen. It Aldsaksysk naam dus eins wat in tuskenposysje yn tusken de Noardwest- en de Súdwestgermaanske groepen, en de yndieling bliuwt problematysk. Sels de foarstanners fan 'e yndieling fan it Aldsaksysk by de Noardwestgermaanske (of Ingveoanske) talen jouwe ta dat it yn elts gefal gjin suver Ingveoanske taal wie.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldsaksysk ûntjoech him om 'e sânde iuw hinne út 'e Ryn-Wezer-dialekten fan it eardere Súdwestgermaansk. It is mooglik dat dêr noch in net oerlevere taalstadium tusken siet, it saneamde Proto-Saksysk, dat dan sprutsen wêze moat fan 'e earste oant de sânde iuw. Yn 'e Midsiuwen bestie der in taalkontinuum (in stadich yninoar oergean fia ferskillende oergongsdialekten) tusken it Aldsaksysk en it Aldnederfrankysk; pas doe't men yn 'e sechstjinde en santjinde iuw de talen begûn te standerdisearjen, kaam der in skerpe skieding ta stân.

In side út 'e Heliand.

Nei it jier 1000 begûn it Aldsaksysk him oer in perioade fan in pear iuwen stadichoan te ûntjaan ta it Midnederdútsk. As ein fan it Aldsaksyske tiidrek wurdt yn 'e regel it jier 1150 oanholden, om't dat it begjin wie fan in snuorje dat it Nederdútsk folle mear as skriuwtaal brûkt waard, wêrby't it taalgebrûk him foar it earst dúdlik fan it Aldsaksysk ûnderskate. Ien fan 'e meast opfallende ferskillen tusken it Aldsaksysk en it Midnederdútsk is it ferskynsel fokaalreduksje, dat him ek yn besibbe talen as it Midingelsk, it Midnederlânsk en it Midfrysk foardien hat. Dêrby krigen wurden dy't earder op folle fokalen einigen, lykas dagô ("dagen", mt. 3de namfal) en gisprekan ("sprutsen") in sjwa of reduksjefokaal oan 'e ein: dage en gespreken.

Oerlevering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldsaksysk is oerlevere fanôf de njoggende iuw, ôfsjoen fan in doopûnthjit út 'e achtste iuw. Yn dat doopûnthjit, dat brûkt waard om 'e heidenske Saksen, gauris ûnder twang, ta it kristendom te bekearen, wurde de ôf te swarren goaden mei namme neamd: "[...] end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum, Thunaer ende Uuōden ende Saxnôte ende allum them unholdum the hira genôtas sint [...]" ("[...] en ik fersaakje alle wurken en wurden fan 'e duvel, Tonger en Weda en Saksnot, en al dy duvels dy't harren selskipslju binne [...]"). Ut 'e brûkte wurden komt in beskate ynfloed fan it Aldingelsk en it Aldheechdútsk nei foarren, wat nei alle gedachten feroarsake is trochdat dat de memmetalen fan 'e kristlike sindelingen wiene dy't de Saksen besochten te bekearen.

De wichtichste Aldsaksyske teksten binne lykwols de Heliand ("Heilân"), in rûchwei yn 'e midden fan 'e njoggende iuw ûntstien epos oer it libben en de lear fan Jezus Kristus, dêr't 5.983 regels yn stêfrymfersen fan oerlevere binne, en de Genesis, trije fragminten mei stof út 'e Bibel (benammen út it earste bibelboek, Genesis), yn 337 stêfrymregels, krektlyk út 'e njoggende iuw.

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grammatika fan it Aldsaksysk wie op mannich mêd it klassike Latyn net wanlyk. It hie ferbûgings yn fiif namfallen (nominatyf, akkusatyf, genityf, datyf en ynstrumintalis), trije grammatikale geslachten (manlik, froulik en ûnsidich), en trije haadfoarmen fan it foarnamwurd: inkeltal, meartal en twatal. Sokke twatals- of duale foarmen kamen allinnich yn 'e earste en twadde persoan foar en ferwiisden nei groepen fan twa.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.