Apeldoarn (gemeente)

Ut Wikipedy
Apeldoarn
Apeldoorn

Stedhûs fan Apeldoarn
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
boargemaster Ton Heerts (PfdA)
sifers en geografy
haadplak Apeldoarn
grutste plak Apeldoarn
ynwennertal 168.193 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 492 /km²
oerflak 341,15 km²
● wêrfan lân 339,89 km²
● wêrfan wetter 1,26 km²
tal stêden 1
tal doarpen 10
ferkearsieren A1, A50, N344, N345
Spoar fan Amsterdam nei Sutfen
skiednis
oprjochte 1811
oar
netnûmer 055, 0577
postkoade 3888, 7300-7339, 7341, 7345-7346, 7348, 7350-7352, 7360-7361, 7364, 7370-7371, 7380-7381
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.apeldoorn.nl
Dizze side giet oer de gemeente Apeldoarn. Foar it haadplak fan de gemeente, sjoch: Apeldoarn.

Apeldoarn[1] (Nederlânsk en offisjeel: Apeldoorn; Nedersaksysk: Apeldoorne) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat 168.193 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 341 km². De gemeente Apeldoarn waard oprjochte yn 1811.

Haadplak fan de gemeente is de stêd Apeldoarn. It westlike part fan de gemeente leit op de eastlike flank fan de Feluwe en bestiet út driuwwâlen mei heide en bosk. It heechste punt fan de gemeente is de Torenberg mei in hichte fan 107 meter boppe NAP. De stêd Apeldoarn leit op de râne fan de Feluwe.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Apeldoarn bestiet njonken de stêd Apeldoarn út in stikmannich doarpen en oare kearnen.

Plak Ynwenners
(2021)[2]
Apeldoarn 138.945
Beekbergen 4.935
Beemte-Broekveld 1.035
Hoenderloo (*) 1.385
Hoog Soeren 240
Klarenbeek (**) 1.740
Lieren 1.220
Loenen 3.385
Radio Kootwijk 100
Uddel 3.330
Ugchelen 6.275
Wenum-Wiesel 2.170

(* Hoenderloo leit foar in part yn de gemeente Ede)
(** Klarenbeek leit foar in part yn de gemeente Voorst)

Oare kearnen:

Kaart fan de gemeente Apeldoarn

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 150.
  2. Sintraal Buro foar de Statistyk
Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
wizigje