Achmea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Achmea-kantoar in Leien

Achmea Holding NV is ien fan de grutste finansjele tsjinstferlieners fan Nederlân. It bedriuw is op 1 jannewaris 1995 ûntstien nei de fúzje fan Zilveren Kruis mei Avéro Centraal Beheer Groep (AVCB).

Achmea sels is sûnt 2000 wer in ûnderdiel fan Eureko BV. Eureko BV is foar 57.16% eigendom (65,11% stimrjocht) fan de feriening Achmea.

By stasjon Leien Sintraal is in regiokantoar yn oanbou.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Mei inketpôt, in kroantsjepinne, in assurânsjeboek, in kasboek en in omslachregister sette Ulbe Piers Draisma yn 1811 de administraasje útein fan de ûnderlinge garânsjemaatskippij Achlum. 39 Fryske boeren en plattelânsnotabelen fersekeren dêrmei harren ûnderling besit tsjin brân. Achlum wie de earste fan it tal koöperative fersekeringsmaatskippijen dy't yn de jierren '80 fan de foarige ieu opgongen yn Otos Fersekerings. Otos fusearre dêrnei mei OBF, in pensjoenfersekerer. Op dizze wize ûntstie de namme "Avéro Verzekeringen". Dêrnei waard de fúzje mei FBTO in feit en ûntstie der in sterke merkpartij oan de Lange Merkstrjitte yn Ljouwert. Hjirtroch waard de ynteresse wekt troch "Centraal Beheer" en opnij ûntstie der in fúzje, nammentlik de "AVCB Groep".

De âldste foarrinder fan Centraal Beheer, de Centrale Werkgevers Risico-Bank, ûntstie yn 1902. It wie in inisjatyf fan 63 ûndernimmers om ûnderling it risiko fan bedriuwsûngemakken te fersekerjen. Yn 1909 foarme in groep ûnderlinge risikoferieningen mei-elkoar de "Coöperatieve Vereniging Centraal Beheer". Nei 1930 waard "Centraal Beheer" ek de wichtichste útfierder fan de Syktewet.

Nei de Twadde Wrâldoarloch is er foar de útfiering fan de sosjale fersekeringswetten it Mienskiplik Administraasjekantoar (GAK) oprjochte. Earst as twillingsorganisaasje mei "Centraal Beheer", fan 1992 ôf folslein skieden dêrfan. Centraal Beheer rjochte har op de kommersjele fersekerings. Yn jannewaris 1992 fusearre "Avéro Verzekeringen" en "Centraal Beheer" ta AVCB. De fúzje tusken AVCB en Zilveren Kruis Fersekeringen kaam offisjeel ta stân op 1 jannewaris 1995. De syktekostenfersekerer Zilveren Kruis waard yn 1949 oprjochte as saneamd 'boppebouwer', in partikuliere non-profit syktekostenfersekerer gelieerd aan één of meerdere ziekenfondsen - yn dat gefal it Algemien Ziekenfonds Woerden en omkriten. Zilveren Kruis fusearre yn 1985 mei de op dat stuit grutste syktekostenfersekerder fan Nederlân, VGCN. Yn 1994 gie it konsern in yntinsyf gearwurkingsferbân oan mei de sikefûnsen "Stichting Ziekenfonds Rotterdam" en "Ziekenfonds Spaarneland".

By de fúzje mei Zilveren Kruis waard de namme Achmea keazen foar de groep. Even dêrfoar wie ek Staalbankiers oernaam. Yn 1997 fusearre Achmea mei PVF Nederland (pensjoenbeheer en fermogensbeheer), dat fuortkommen is út it GAK. Yn 2000 waarden de private aktiviteiten fan de GAK Groep oerdragen oan Achmea. Sûnt novimber 2000 is Achmea Holding N.V. in ûnderdiel fan Eureko BV. By de foarming fan Eureko B.V. is de koöperaasje Achmea omsetten yn in ferieniging.

De aktiviteiten fan Achmea waarden ûnderbrocht binnen acht Achmea Business Units en in tal lytsere bedriuwsûnderdielen. Eltse Achmea Business Unit rjochtet har mei in spesifyk kloft fan produkten op de eigen klanten, fia in spesifyk distribúsjekanaal en ûnder ien of mear eigen merken.

Yn 2005 fusearre Achmea mei de Rabobankdochter Interpolis, wêrtroch Rabobank har belang yn Eureko útwreide hat oant goed 37%. De aktiviteiten wurde opnij herstrukturearre, troch it foarmjen fan seis divyzjes. De divyzjes rjochtsje har op in spesifyk distribúsjekanaal: bankêr, direkt en yntermediêr of op in spesifyk produktkluster: pensjoen, sosjale wissichheid en soarch.

In 2007 is Achmea fusearre mei Agis zorgverzekeringen. Hjirtroch is Achmea de grutste soarchfersekerder fan Nederlân (4,7 miljoen fersekerden).

By Achmea wurkje ûngefear 22.000 minsken.

Merken[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]