Ulbe Piers Draisma
Ulbe Piers Draisma (Achlum, 22 febrewaris 1785 - dêre, 18 july 1830) wie boer dy't ferskate boargerlike funksjes ferfold hat. Yn Achlum is in strjitte nei him neamd.
Draisma en oaren rjochten yn 1811 in ûnderlinge brânfersekering op dy't ta bloei kaam. Dy boarchmaatskippij (Onderlinge Waarborgmaatschappij Achlum) stie oan de basis fan de hjoeddeiske fersekerder Achmea.
Op 1 augustus 1814 waard er troch Skout en Gemeenteried fan Almenum as gemeentesekretaris keazen, in amt dat er oant 1 oktober 1816 besette. Ek yn oktober fan dat jier waard er beneamd ta majoar by it bataljon lânstoarm no. 13, dêr't er ûnder kolonel Gorddernesi stie. yn 1819 waard er dyksdeputearre fan de Contributie der Vijf Deelen Buitendijks.
Op 19 novimber 1826 boaske er oan Baukjen Jans Hoitinga, boerinne te Mullum, widdo fan Age Andries Boersma.
Yn 1829 stifte er mei syn skoansoan Foppe Draisma de Vries in dakpannefabryk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Draisma, Ulbe Piers.
|