Almenum

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Lokaasje fan Almenum súdeastlik fan Harns op in âlde kaart

Almenum is in buorskip yn de gemeente Harns en leit noardlik tsjin it Van Harinxmakanaal oan de râne fan de stêd Harns, en westlik fan it doarp Mullum dêr't er offisjeel ûnder falt. Almenum is neamd nei in earder tsjerkedoarp dat ticht tsjin Harns oan lei. Yn of by it doarp stie de Gerbrandastate.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dom fan Almenum op in kaart fan Harns út 1664
De dom fan Almenum binnen de stedswâlen fan Harns op in kaart út 1649

Almenum ûntstie op in terp dêr't de skiednis fan tebek giet ta de achtste iuw n.Kr. Der wurdt foar it earst oer Almenum skreaun as skiedskriuwer Winsemius (1586-1644) de reis fan Bonifatius fan Starum oer Almenum rjochting Dokkum yn 754 beskriuwt.

It doarp soe stifte wêze troch sindeling Magnus Forteman dy't yn 777 ek de dom fan Almenum boud hawwe soe. It wie de earste Kristentsjerke yn Fryslân. Yn de midsiuwen stiene yn Almenum de stinzen Bolta, Harlinga, Harns en Gratinga. Yn 1157 waard tichteby Almenum it kleaster Lúntsjerk stifte, dat ien fan de rykste kleasters fan Fryslân wurde soe. Muontsen fan it kleaster groeven fearten fan Almenum nei de Fly en Marne om skipfeart nei it doarp mooglik te meitsjen. De houten tsjerke waard yn dy snuorje ferfongen troch in stiennen ien, de dom fan Almenum. Ek yn dy snuorje waard it gebiet westlik fan Almenum hieltyd wichtiger en dêr ûntstie de stêd Harns, dy't yn 1234 stedsrjochten krige. Op 14 desimber 1287 waard it gea slim troffen troch de Grutte Stoarm, of Sint-Lusiafloed, dy't late ta it ûntstean fan de Waadsee en Sudersee. Harns kaam oan see te lizzen en koe him sadwaande ûntjaan ta in seehaven. Tichteby lizzende doarpen Berdingaterp, Medumwart, Dikesherna en parten fan it lân fan de Gerbrandastate rekken ferlern oan it wetter. De tsjerke fan Berdingaterp fusearre mei dy fan Almenum.

Yn de tsjerke fan Almenum waarden de Harnzer drosten Kristoffel fan Sternsee (1560) en Joaris fan Espelbach (1575), grytman fan Barradiel, begroeven, beide ûnder monumintale grêfplaten.

Yn 1563 krige Harns tastimming fan kening Filips II fan Spanje om Almenum binnen de wâlen te lûken. Fan dat momint ôf kreauwen Harns en Barradiel oan 1684 ta oer de byhearrende rjochten en ferplichtings oant de doetiidske Fryske steedhâlder (Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz) besliste dat Almenum definityf oan Harns kaam. Neidat it doarp opnommen wie binnen de wâlen fan Harns is de St. Michaelsdom ferfongen troch in nije tsjerke.

Der is in Fryske sêge oer de Sint Michaelsdom. Hjiryn soe in reade wûnderdwaande banier ynmitsele wêze, de Magnusfane, dy't ferneamd is nei Magnus Forteman, dy't om 800 libbe hawwe soe.

Lettere ûntjouwings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oerbliuwende grûngebiet fa Almenum lei noch hieltyd om Harns hinne. Fan 1812 oant 1816, yn de Frânske tiid, wie Almenum in selsstannige gemeente, dy't njonken it doarp ek de plakken Mullum, Achlum en Keningsbuert omfieme. Yn 1863 hie Harns it plan en anneksearje Almenum alhiel, itjinge net trochgie. It doarp bleau dêrnei trochlibjen as it bewenne gebiet bûten de stêd, mei de buorskip Gratingabuert. Yn april 1933 waard der by wet in grinswiziging regele dêr't in grut part fan Almenum by Harns kaam. Nei de twadde Wrâldkriich ûntjoech him súdlik fan Gratingabuert de wyk Easterpark. Gratingabuert en Easterpark waarden part fan de stêd Harns en dêrmei ferdûn it doarp Almenum foargoed.

In buorskip noardlik fan it Van Harinxmakanaal oan de Harnzerstrjitwei dat yn it âlde himrik fan Almenum foel, hat dy de namme fan it doarp krigen en dêrmei oerlibbet de namme. Oan de noardwestkant fan de buorskip ûntjoech him in yndustryhaven dy't part is fan Harns. It wetter Ried skiedt de buorskip fan de yndustryhaven.

Berne yn Almenum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Van der AA, Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden, part 1 P.N.Noomen, St. Magnus van Hollum en Celdui van Esens, Bydrage ta de gronology fan de Magnustradysje yn: De Vrije Fries, LXIX (1989) siden 7-32

 
Plakken yn de gemeente Harns
Flagge fan de gemeente Harns
Stêd: Harns
Doarpen en útbuorrens: MullumWinaam
Buorskippen en wiken: AlmenumDe BlynseEasterparkFoarrypIeslumbuorrenKeningsbuertLudumRoptasyl (foar in part) • Ungaboer