Pier Winsemius

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pier Winsemius

Pier Winsemius (latinisearring: Pirius Winsemius; Ljouwert, 1586 - Frjentsjer 2 novimber 1644) wie in Frysk abbekaat en skiedskriuwer. Syn famylje wie ôfkomstich út Winsum; dêrfandinne syn efternamme.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn stúdzje oan ferskate universiteiten, wêrûnder de Dútske promoasje yn Caen yn 1611 waard er abbekaat yn Ljouwert. Op 5 desimber 1616 folge hy Bernardus Gerbrandi Furmerius op as histoarjeskriuwer fan Fryslân. Hy fersoarge in útjefte Frisia fan Hamconius en in tredde diel fan Furmerius syn Annales. Yn syn haadwurken -der binne noch njoggen lytsere histoarjegesriften- steane gegevens dy't nearne oars fermelden wurde. Waard heechlearaar yn Frjentsjer yn wolsprekkendheid en skiednis (1638)

Winsemius wie ek (gelegenheids)dichter. Der binne twa bondels mei syn ferzen bekend, dêr't leafst 127 elegyen ûnder binne. Yn Winsum is in strjitte nei him ferneamd, de Pier Winsemiusleane (yn it spraakgebrûk yn it doarp almeast ôfkoarte ta "P.W.-leane").

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Piërius Winsemius
Skildere troch Jan Maurits Quinkhard

In karút.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De statu unitarum provinciarum oratio. Ljouwert, 1618.
  • Ius regum Hispaniae in Provincias Belgicas. Frjentsjer, 1621.
  • Verhael van het recht des conincks van Hispanien op de Nederlanden. Frjentsjer, 1621.

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant, beginnende vanden jaere nae des werelds scheppinghe 3635, ende loopende tot den jare nae de gheboorte Christi 1622 (1622)
  • Historiarum ab excessu Caroli van Caesaris, sive rerum sub Philippo II, per Frisiam gestarum libri septem 2 boeken (1629)
  • Boeken III en IV (1633)
  • Te zamen in zeven boeken (1646)

Poëzijbondels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Amores. . Frjentsjer, 1631.
  • Sirius. Frjentsjer, 1638.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • BHAPB, 1972., F. Postma & J. van Sluis, Auditorium Academiae Franekerensis. Ljouwert, 1995, 116-117, Ijsewijn-Sacré, Companion, I,269, II, 82, C.E.N..

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Winsemius, Pier.
  • Boeles I, 2e diel side 151-156
  • Nieuw Nederlands Biografisch Woordenboek X side 1224-1225