Magnusfane

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Magnusfane is de legindaryske flagge fan Friso.

Friso[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flagge fan Friso wie in reade banier, dy't fjouwer bjusterbaarlike krêften hie: hy beskerme tsjin tonger en stoarm, hy warre kweageasten, hy bruts tsjoenen en hy koe net oerwûn wurde. Nei de tiid fan Friso waard de fane bedobbe, sa't gjin fijân dy fine koe. Mar ek de Friezen koenen de fane net werom fine.

Willibrord en Magnus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earst Sint-Willibrord koe de fane werom fine, en joech die oan Magnus Forteman. Mei dizze flagge focht er tsjin de Sarasenen, en late er de Friezen doe't se foar Karel de Grutte Rome oerweldigen. Mar nei de dea fan Magnus waard de flagge wer ferhoalen.

Almenum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze kear waard de Magnusfane bewarre yn de tsjerke fan Almenum. Oan it begjin fan de 16e iuw soenen de Saksen der dêr noch nei socht hawwe, mar se hawwe de flagge nea fûn om't dy ynmitsele wie yn de muorre. Mar ek de Friezen kinne hjoed de dei de fane net werom fine. Wat bliuwt is de leginde fan de fane dy't ea weromfûn wurde sil.

Aldeboarn en Ferwâlde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Magnusfane yn it doarpswapen fan Ferwâlde

Jancko Douwama skreau al oer dizze leginde, mar hy neamde ek Aldeboarn en Ferwâlde as doarpen dêr't de Magnusfane "bemuorre" wêze soe. Yn Aldeboarn koe men him presys wize wer't de flagge yn de muorre sitte moast. Ferwâlde had hjoed de dei in doarpswapen mei dêrop in reade fane.

Swaben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Swaben hawwe in leginde dy't in folle opsichten mei de leginde fan de Magnusfane oerienkomt.