Keningsbuert
De Keningsbuert (Nederlânsk: Koningsbuurt) is in wyk fan Harns, dat foarhinne in 'selsstannige' buorskip wie. De Keningsbuert leit yn it easten fan Harns, oan de súdkant fan it Van Harinxmakanaal yn it midden fan it yndustrygebiet fan Harns. Besuden de buorskip leit de wyk Easterpark.
De wyk is neamd nei de eardere buorskip dy't der lein hat, foar't de yndustry him dêre ûntjoech yn de 19e en 20e iuw. Dy buorskip waard yn 1664 neamd as Koningsbuirte, om 1700 hinne as Konings Buiren en yn de 19e iuw as Koningsburen. De bewenning ferdwûn hast folslein troch de stienfabriken dy't harren dêr fêstigen. Noardlik/noardwestlik lei de buorskip Gratingabuert. Dy buorskip wie part fan it doarp Almenum. Keningsbuert wie winliken in buorskip fan it doarp Mullum, al waard er ek wol ûnder Almenum rekkene.
De yndustry ûntjoech him om't it yndustryterrein tichteby de haven fan Harns lei, dochs lei noch hieltyd bûten de stêd. De wyk ûntstie troch it útwreidzjen fan de yndustry en de stêd sels yn de rin fan de tweintichste iuw. De nije Keningsbuert krige de namme fan de âldere buorskip dy't sa goed as ferdwûn wie. Ek it yndustryterrein dêromhinne wurdt as Keningsbuert oantsjut. Sa bestiet it grutste part fan Keningsbuert út yndustry.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Harns | ||
---|---|---|
Stêd: Harns | ||
Doarpen en útbuorrens: Mullum • Winaam | ||
Buorskippen en wiken: Almenum • De Blynse • Easterpark • Foarryp • Ieslumbuorren • Keningsbuert • Ludum • Roptasyl (foar in part) • Ungaboer | ||
· · |