Mullum

Ut Wikipedy
de himrik fan Mullum

Mullum (Midlum) is in doarp yn de gemeente Harns, noardeast fan de stêd oer it Van Harinxmakanaal yn de kromming fan de âlde Rykswei. It doarp hat likernôch 510 ynwenners (2004).

Midden yn it doarp stiet op in oerbliuwsel fan de terp de doarpstsjerke fan Mullum dy't al yn de 12e iuw boud waard, mar yn de rin fan de tiid is der in soad oan feroare. Yn 1988 is de tsjerke fan binnen en bûten troch R. de Vries folslein renovearre. De tsjerketoer is yn 1999 restaurearre. Tsjin de toersmuorre stiet noch in âlde, goed bewarre grêfstien mei in houtseachmole derop. Yn de noardmuorre sit noch in tichtmitsele "noarmannepoarte".

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doapshûs "De Spil" stiet oan de Hopmanswei. Yn dit op frijwilligers draaiende doarpshûs binne in soad aktiviteiten as biljerten, grûngymnastyk, pjutteboartersplak, kaarten, toaniel en bingo. De skoalle fan it terpdoarp hjit Middelstein.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn 2008 wûnen 5 Mullumers tagelyk in priis yn de postkoadelotterij.
  • In bekende Mullumer is skriuwer Harmen Sytstra (1817-1862)
  • Yn de sechtiger jierren waard in Fryske Kop-hals-romppleats út Mullum sloopt en yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum wer opboud.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beatrixleane, Bernhardleane, Blynsewei, De Finne, Folkert Poststrjitte, Fonteinstrjitte, Frittemastrjitte, Harnzerstrjitwei, Haulewei, Hopmanswei, Julianaleane, Tsjerkestrjitte, Middelstein, Rykswei, Skieppedykje, Ungabuertsterwei, Van Harinxmastrjitte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Harns
Flagge fan de gemeente Harns
Stêd: Harns
Doarpen en útbuorrens: MullumWinaam
Buorskippen en wiken: AlmenumDe BlynseEasterparkFoarrypIeslumbuorrenKeningsbuertLudumRoptasyl (foar in part) • Ungaboer