Foppe fan Aitzema

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Foppe van Aitzema)
Jump to navigation Jump to search

Foppe van Aitzema (Mullum?, ± 1580 - Wenen? of Praach?, 28 oktober 1637) wie in Frysk diplomaat, histoarikus en rjochtsgelearde. Yn de Tritichjierrige Oarloch oerlei hy mei de Eastenrykske keizer Ferdinand II fan it Hillige Roomske Ryk oer in oplossing. Foppe wie in earsuchtich man fan goede namme. Hy wurke yn Brunswyk, Lübeck en Wenen en tsjinne ûnder oaren de Steaten Generaal en Freark Hindrik. Hy wie de omke fan Lieuwe fan Aitzema.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foppe fan Aitzema wie de soan fan Skelte fan Aitzema. Hy studearre oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer. Hy brocht in besite oan Josephus Justus Scaliger yn Leien. Yn 1607 krige hy in oanstelling yn Brunswyk by de hartoch Heinrich Julius von Braunschweig-Wolfenbüttel. Hy troude in famke út Halberstadt en waard kânselier fan de protestantske biskop yn it flakby lizzende Helmstedt, de stêd dêr't ek de earste Dútse protestantse universiteit stie. Nei de dea fan hartoch, dy't syn beneaming blykber trochdrukt hie, sloech de famylje Fan Aitzema op de flecht; Fan Aitzema waard pakt en finzen setten. Neidat syn boel yn beslach nomd wie en Fan Aitzema beloofd hie nea wer in foet yn it hartochdom te setten, waard hy frijlitten. Undanks meardere pogingen, û.o. fan de karfoarst fan Brandenburg, steedhâlder Maurits, de Steaten-Generaal en de Steaten fan Fryslân krige hy syn weardefolle besit nea werom.

Yn 1617 waard hy gesant by de Hânzestêden en bleau tsien jier yn Lübeck of omkriten. Fan Aitzema en Reinier Pauw ûnderhandelen mei Kristiaan IV fan Denemark, dy't út Glückstadt wei de skipfeart op de Elbe kontrolearre en tol hefte.

Yn 1635 sette hy yn tsjinst fan de Steaten-Generaal en steedhâlder Freark Hindrik nei Wenen, mar waard beskuldige fan al te freonlike omgong mei de roomske tsjinstanners. Wyls wie hy dêr yn de adelstân ferheft, mar waard weromroppen nei de Republyk om him te ferantwurdzjen. Fan Aitzema kaam werom nei Hamburch, neidat hy yn kennis steld wie dat dr in oanslach op him berame waard. Oer Dantzig flechte hy nei Praag en Wenen, en sluet him foar syn dea oan by de roomske tsjerke.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Poemata Juvenilia, Paris 1605; Neuauflage Helmstädt 1607
  • Dissertationum ex Juris Civilis Libri II, Helmstedt 1607.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: