Hjerbeam

Hjerbeam is in doarp yn de gemeente Waadhoeke, west fan Frjentsjer. It doarp hat 294 ynwenners (31 desimber 2003).
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden op 18 novimber 1944 oan 'e Ryksstrjitwei by Hjerbeam trije finzenen troch de nazys stânrjochtlik eksekutearre yn it ramt fan 'e represailles by Hjerbeam en Menaam. Dat waard dien as bestraffing foar aksjes fan it Fryske ferset.
Sickemastate[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn it doarp stie de Sickemastate, dy stins bestie al yn de 15e iuw. Sicco van Goslinga waard dêr berne. De state bestie út twa efter en oan elkoar boude steatlike huzen. Dy waarden om 1749 hinne ôfbrutsen. Op it stee waard letter in pleats boud. De poarte is wol bewarre bleaun en is in ryksmonumint.
Niklaastsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Niklaastsjerke (Hjerbeam).
De tsjerke komt út de Midsiuwen, nei alle gedachten út de twadde helte fan de 13e iuw. It gebou is, op de noardmuorre nei, yn 1872 fernijd, ûnder begelieding fan arsjitekt P.J. Jaarsma. De noardmuorre bestiet gruttendiels út giele kleastermoppen, hjir en dêr reparearre en oanfold mei lytse giele Fryske trijeling-stientsjes. De toer is wierskynlik yn de tweintiger jierren fan de 20e iuw op de westgevel boud en hat in ynsnuorre, achtkante spits, mei laaien dutsen.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Doarpshûs fan Hjerbeam hjit De Punt.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Us Twadde Libben - toanielferiening
Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Thomas Herbaius, advokaat-fiskaal of prokureur-generaal fan it Hof fan Fryslân.
- Sicco van Goslinga, steatsman (Hjerbeam, 1664 - Doanjum, 20 septimber 1730
- Keunstskilder Jopie Huisman hat hjir lang in gruthannel yn fodden en metalen hân.
- Waarman Piet Paulusma hat jierrenlang yn it doarp wenne.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Buorren, Feringastrjitte, Jan Zeinstrastrjitte, Kiestersyl, Leane, Miedleane, Paradyske, Rykswei, Siccamastrjitte, Tsjerkestrjitte.