Pyt Paulusma

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Piet Paulusma)
Jump to navigation Jump to search
Commons-emblem-urgent.svg
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Pyt docht it waar foar SBS 6 op de Jouwer yn desimber 2003.

Pyt Paulusma (Tsjom, 15 desimber 1956) is in Fryske waarman.

Pyt Paulusma begûn yn 1985 op de radio as waarman by Omrop Fryslân. Paulusma foarseit alle dagen it waar, by Omrop Fryslân en Radio Noard. Karakteristyk foar syn waarpraatsje is dat it op lokaasje opnaam wurdt. Ek karakteristyk is syn fêste ôfsluting: Wy moatte moarn, mar wer even, yn it waar sjen.

Sûnt septimber 1996 foarseit Pyt ek it lânlike waar by de lânlike stjoerder SBS 6. Dêr hat er in kultstatus opboud troch syn praatsjes oer it Nêderlânske waar meastal bûtenhûs, oeral troch Nederlân hinne, op te nimmen en it ôf te sluten mei it Fryske "Oant moarn!", dat meast troch de minsken dy't op de eftergrûn steane meiroppen wurdt. Yn 1999 waard Pyt Paulusma keazen ta populêrste waarman fan it jier.

Ferwizing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]