Springe nei ynhâld

Spoar Stiens - Harns

Ut Wikipedy
Spoar Stiens - Harns
14 maaie 1936, de lêste persoanetrein nei Tsjummearum

It spoar Stiens - Harns is de eardere spoarferbining fan Stiens nei Harns.

Yn 'e mande mei it spoar Tsjummearum - Frjentsjer wie dit spoar de westlike tûke fan it net fan de Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij, dy't ek it oanslutende spoar yn Stiens oanlein hie. (sjoch spoar fan Ljouwert nei Eanjum, ek wol Dokkumer lokaaltsje neamd)

De earste trein ried op 2 desimber 1902 nei Tsjummearum. Op 1 oktober 1903 waard de line oant stasjon Mullum-Hjerbeam iepene, tagelyk mei it spoar Tsjummearum - Frjentsjer. Sûnt 2 maaie 1904 wie de heule line yn gebrûk.

Troch de komst fan de autobus en de frachtweinen waard it spoar geandewei minder brûkt. Op 15 maaie 1935 waard de reizgerstsjinst tusken Tsjummearum en Harns staakt, en yn 1936 rieden ek de treinen tusken Stiens en Tsjummearum net mear.