Spoar fan Ljouwert nei Eanjum

Ut Wikipedy
De spoarwei

It spoar fan Ljouwert nei Eanjum wie in spoarwei yn Fryslân, mei in langte fan sa'n 46 km en wie ferneamd ûnder de namme it Dokkumer Lokaeltsje .

Stasjon Stiens in 1974
Rest fan it spoar op de loftmachtbasis fan Ljouwert yn 2008.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De trein ferlit stasjon Dokkum-Ealsum yn de rjochting fan Eanjum, 1928

It spoar fan Ljouwert nei Eanjum waard oanlein troch de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij dy't oprjochte waard op 31 maaie 1899. It spoar is yn trije parten yn gebrûk naam:

It tal reizgers hat nea grut west en mei it reizgersferfier waard ek al op 1 july 1936 ophâlden. Mei it frachtferfier wie mear te fertsjinjen en dat hat dan ek noch in skoft langer trochset, benammen tusken Dokkum en Ljouwert; mar yn 1998 is ek it lêste frachtferfier, op it trajekt Ljouwert-Stiens, stoppe.

It spoar tusken Eanjum en Dokkum is ôfbrutsen yn de Twadde Wrâldkriich doe't de Dútsers slim ferlet oan metalen foar de oarlochsyndustry hiene.

Oare NFLS-spoaren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de 20e iuw hie Stiens ek in treinferbining mei Harns oer Tsjummearum. Yn dyselde tiid wie der ek noch in direkte ferbining tusken Tsjummearum en Frjentsjer. Mei de komst fan de autobus en frachtwein wie der gjin fan ferlet mear fan in spoar tusken Stiens-Harns en Tsjummearum-Frjentsjer. Yn 1933 hold it reizgersferfier Frjentsjer-Tsjummearum op, yn 1935 waard de ferbining Tsjummearum-Harns opheft en yn 1936 waard ek it treinferkear tusken Tsjummearum-Stiens stop setten.

Stasjons en halten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regionale reklame[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 31 maart 2011 is yn Ljouwert de Stichting Noord-Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij (St. NFLS) oprjochte, dy't fan doel is it Dokkumer Lokaeltsje foar regiomarketing te brûken. De NFLS wol dielen fan de âlde spoarbaan op 'en nij oanlizze. Teffens wol de stichting noch besteande ûnderdielen fan it spoar as kultureel erfgoed behoedzje foar ferfal en sloop. Yn 2015 waard fan dat plan ôfsjoen omreden fan protesten fan boeren.[1]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Oege Kleijne: Opkomst en ondergang van de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij. Utj. Gegarandeerd Onregelmatig, Raalte, 2014. ISBN 978-90-78641-29-2

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: