Stasjon Hantum
Appearance
Stasjon Hantum (Hnt) wie in stasjon oan it eardere spoar fan Ljouwert nei Eanjum. It stasjon yn Hantum waard iepene op 2 oktober 1901 en sluten op 1 desimber 1940. It stasjonsgebou út 1901 waard yn 1960 sloopt.
Dit stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standerttype NFLS, dat benammen brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon Hantum foel binnen it type NFLS halte 3e klasse.