Tramwei Ljouwert - Sint-Jabik

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Trajekt tramwei Ljouwert - Sint-Jabik

De tramwei Ljouwert - Sint-Jabik bestie fan 1901 oant 1939.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De line waard yn parten iepene troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) Fan Frouwepoartsbrêge Ljouwert oant Moaie Peal op 2 jannewaris 1889 en op 2 july fan itselde jier ferlinge ta Sint-Jabik. Yn 1901 kaam der in ferbining fan it tramstasjon Frouwepoartsbrêge mei stasjon Ljouwert. In ôfstân fan sa'n 17 km. Yn 1927 waard dizze ferbining wer opheft neidat der in oansluting realisearre wie fia de spoarline Ljouwert - Eanjum wêrby 't de trams gebrûk makken fan de spoarbrêge oer de Harnzer Trekfeart. Der waard op dit trajekt riden mei steamtrams. Nei it opheffen fan it reizgersferfier en it sluten fan it stik tusken Ljouwert en Bitgummole yn 1939 waard der ta hichte fan Moaie Peal in ferbiningsbôge lein mei de spoarline Stiens - Harns om it molkfabryk De Lijempf en de grientefeiling betsjinje te kinnen. Yn 1966 waard ek dit stik fan de line sletten en dêrnei opbrutsen.

Haltes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(net folslein)

  • Stasjon Ljouwert
  • Frouwepoartsbrêge - Ljouwert
  • Marsum
  • Dyk - Ingelum
  • Dyksterhuzen
  • Kafee Groot Terhorne - Bitgummole
  • Bitgum
  • Molkfabryk De Lijempf - Berltsum
  • Grientefeiling - Berltsum
  • Berltsum
  • Wier
  • Moaie Peal - Minnertsgea
  • Sint Jabik