Frouwepoartsbrêge

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Frouwepoartsbrêge

De Frouwepoartsbrêge is in yn 1933 - 1934 boude baskulebrêge oer de westlike stedsgrêft yn Ljouwert. De brêge is in ryksmonumint.

Dêr siet earst in draaibrêge út de 19e iuw, dy't sawat op it plak fan de bûtenpoarte fan de eardere Us Leaffroupoarte lei. De brêge fan no is ûntwurpen yn ekspresjonistyske styl troch Justus Zuidema (1890-1970), stedsarsjitekt fan Ljouwert. Oan de eastkant hat it bouwurk in achthoekich brêgewachtershûske.

By de Frouwepoartsbrêge yn stiet in boarstbyld fan Theodorus Marius Theresius van Welderen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: