Wier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wier
Flagge fan Wier Wapen fan Wier
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wier
Gemeente Menameradiel
Ynwennertal (2004) 210
Webstee Webstee fan Wier
De tsjerke fan Wier yn 1959

Wier is in doarp yn de gemeente Menameradiel, oan de Hege Dyk yn de noardpunt fan de gemeente. It doarp hat likernôch 210 ynwenners (2004).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De easte ynwenners fan Wier wiene boeren en fiskers. Fia de Wierster Syl en Balksyl koene de fiskers maklik op de Middelsee komme. Omkring it jier 1000 waarden der diken oanlein tusken Ljouwert en Wier, fia Bitgum en Berltsum. ( Wier lei dus efter Berltsum.)

Yn de twadde helte 12e iuw waard de houten tsjerke ferfongen troch in tsjerke fan stien. Schelte Lauta liet yn 1192 in stins bouwe; Lauta Stins. Yn 1634 waard der in nije stins boud, dy't yn 1748 ôfbaarnd is. No ferwiist de namme Lautawei noch nei it plak dêr't de stins stien hat.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Radarpost Wier
  • Yn Wier sit Radarpost Noard fan de Keninklike Loftmacht, ien fan de twa saneamde "Medium Power Radars" wêrmei't it Nederlânske loftrom bewekke wurdt. De oare Nederlânske radarpost is yn Nieuw Milligen (by Apeldoorn) en is ûnderdiel fan Air Operations and Control Station Nieuw Milligen.
  • Oan de súdmuorre fan de tsjerketoer hinget in astronomysk oerwurk: Yn 1946 waard dit oanbean troch in ûnderdûker yn WO II.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarpshûs hjit d'Ald Skoalle. De bern gean yn Minnertsgea en Berltsum op skoalle. Doarpsrûnte, de feriening foar Pleatslik Belang, hat hjir har gearkomsten. Yn de earste wykein fan july is der Merk. Doarpskrante Op 'e Roaster ferskynt yn Berltsum en Wier.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • VVV Wier - keatsen
  • Oefening en Vermaak - toaniel

Berne yn Wier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gernierswei, Hegedyk, Lautawei, Terpeleane, Tsjalling Bakkerstrjitte, Tsjerkepaad.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: