Pachtersoproer

Ut Wikipedy

It pachtersoproer wie in útbarsting fan ferset yn 1748 yn Nederlân. It hie syn oarsprong yn de ekonomyske malêze fan de jierren'40. It wie rjochte tsjin de belestingen op nôt, en de ferpachtingen hjirfan. Dizze belestingen troffen benammen it gewoane folk. De hokjes fan de kommizen ('cherchers') by de mûnen waarden omsmiten.

Yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferset begûn yn Grins op 17 maart en yn maaie yn Burgum en gie hieltiten fierder. Yn Ljouwert treden de Flytsters op. De reginten wienen machteleas. It folk ferwachte help fan Willem IV. It ferset boaze oan, ek tsjin oare drukkende lêsten as bygelykjs it passaazjejild oan de grins. Yn Wier gie Lautastate yn flammen op. Kollekteboeken waarden teskoard. Op foargong fan de Flytsters en de Harnzers kamen 300 folkskommitearden gear, earst yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert, letter op de Doelen (Doelisten). De lieding lei by de mennist Uilke Wytses de Vries. Men stelde 72 'pointen reformatoir' op; Fryske skippers brochten it nijs nei Amsterdam. It steedhâlderskip waard ek yn de froulike line erflik ferklearre. Willem IV besocht beide partijen te fermoedsoenjen, mar syn 'reglemint reformatoir' brocht net folle ferbettering, it foech fan de steedhâlder waard útwreide. De swiere belestingen en kûperij bleaune bestean. Dit soe letter it ferset tsjin de steedhâlder fersterkje.

De skriuwer Thomas Rosenboom keas de Fryske ûngeregeldheden om it Pachtersoproer hinne as dekôr foar syn roman Gewassen vlees. (Libris Literatuer Priis 1995.)

Amsterdam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Het plunderen van het huis van A.M. van Arssen, op de Cingel bij de Huiszittensteeg te Amsterdam, op Dingsdag den 24en Junij A° 1748.

Yn Amsterdam begûn de rebûlje earst goed op moandeimoarn 24 juny op de Botermarkt, no Rembrandtplein. De strjitte waard iepen brutsen en der waard mei stiennen smiten. Dêrnei gie it folk de huzen fan de pachters by del. 39 huzen waarden plondere, alles waard fernield, iepen brutsen en opsûpt. Jild en kostber porslein bedarren yn de greft. Fierders wiene der trije deaden en ek ferwûnen.

De rebûlje duorre oant tiisdeijûn. De oare deis waard alle pacht foar in heal jier útsteld. Freed 28 juny soene twa manlju en in frou, de fiskferkeapster, Marretje Arents, ophongen wurde út in raam fan de Waach op de Dam. Dêr kaam in mannichte minsken op ôf. Ynienen waard der sketten út de Kalverstraat wei. Wer foelen der deaden. In protte minsken besochten te flechtsjen en sprongen yn it wetter fan it Damrak. Braatbard tocht dat der doe twahûndert lju fertrape of fersûpt binne.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brugmans, H. (1972) Geschiedenis van Amsterdam, deel IV. Afgaand getij.
  • Fuks, L (1960) De Zeven Provinciën in beroering. Hoofdstukken uit een jiddische kroniek 1740-1752 fan Abraham Chaim Braatbard
  • Het dagboek van J. Bicker Raye, bewurke troch F.M. Bijerinck & M.G. de Boer, (1935).
  • Slot, E. (1990) Vijf gulden eeuwen. Momenten uit 500 jaar gemeentefinanciën