Springe nei ynhâld

Menameradiel

Ut Wikipedy
Menameradiel

De Havenstrjitte yn Dronryp, mei op 'e eftergrûn d' Alde Wite.
flaggewapen

Wapen fan Menameradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplakMenaam
grutste plakDronryp
ynwennertal13.439 (2017)
befolkingstichtens195,2 / km²
oerflak70,03 km²
● wêrfan lân68,87 km²
● wêrfan wetter1,16 km²
tal doarpen13
ferkearsierenA31, Spoar Ljouwert-Harns
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Menameradiel
opheft2018
opgien yn De Waadhoeke
no part fan De Waadhoeke
oar
netnûmer058, 0517, 0518
postkoade8816, 9030–9045
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.menaldumadeel.nl

Menameradiel (sûnt 1 jannewaris 2011 offisjeel Frysk; Nederlânsk: Menaldumadeel) wie in gemeente dy't yn it noardwesten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân lei, net fier fan Ljouwert ôf. Yn 'e Midsiuwen lei Menameradiel oan 'e Middelsee en hearde it as gritenij ta de Frjentsjerter Fiifdielen. Geografysk koe Menameradiel letter iuwenlang grutdiels ta de Bouhoeke rekkene wurde. De gemeente omfette trettjin doarpen. It gemeentehûs stie yn Menaam, mar it grutste plak wie Dronryp. Menameradiel hie op 30 april 2017 in befolking fan 13.439 minsken. It oerflak bedroech yn totaal 70,03 km², wêrfan't 1,2 km² út oerflaktewetter bestie. Menameradiel gie op 1 jannewaris 2018 op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.

Menameradiel lei yn it noardwestlike part fan Fryslân en hearde foar it meastepart ta de Bouhoeke, mei útsûndering fan guon doarpen yn it súdeasten fan 'e gemeente, lykas Boksum en Blessum, dy't ûnderdiel fan 'e Greidhoeke foarmen. Menameradiel waard yn it noarden begrinzge troch de gemeente It Bilt, yn it westen troch Frjentsjerteradiel, yn it suden troch Littenseradiel, yn it easten troch Ljouwert en yn it noardeasten troch Ljouwerteradiel. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard it yn it noarden begrinzge troch It Bilt, yn it noardwesten troch Barradiel, yn westen troch it âlde Frjentsjerteradiel, yn it súdwesten troch Hinnaarderadiel, yn it suden troch Baarderadiel, yn it easten troch Ljouwert en yn it noardeasten troch Ljouwerteradiel.

Menaam, sjoen fan 'e Slappeterpster kant ôf.

It plattelân fan Menameradiel hie in iepen karakter. It uterste noardeasten makke diel út fan 'e saneamde 'nijlannen', de oanslibbe en tusken 1200 en 1500 ynpoldere klaaigrûnen fan 'e âlde Middelsee.[1] Mear westlik lei in kwelderwâl fan savelige grûn dy't fan it súdeasten nei it noardwesten troch de gemeente rûn en 80 sm oant 1.30 m heech is. Dêrop wiene fanôf inkele iuwen f.Kr. terpen opsmiten dy't letter ta de doarpe-rige Deinum, Marsum, Ingelum en Bitgum útwoeksen wiene.[1] In twadde kwelderwâl rûn fan Dronryp nei Menaam en berikt in hichte fan likernôch 1 m.[1] Menameradiel wettere ôf fia it Van Harinxmakanaal, de Menamer Feart en de Berltsumer Feart. It Van Harinxmakanaal rint by Dronryp en Deinum lâns en snie in lyts súdlik part fan 'e gemeente ôf fan 'e rest.[1]

Menameradiel omfieme 13 doarpen. It haadplak wie Menaam, en de oare doarpen yn 'e gemeente wiene: Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Blessum, Boksum, Deinum, Dronryp, Ingelum, Marsum, Skingen, Slappeterp en Wier. It doarp Kleaster Eanjum wie op 1 jannewaris 1963 part fan Berltsum wurden, en ek de útbuorren Tutgum wie opgien yn Berltsum. Fierders hearden ek de buorskippen Alsert, Bessebuorren, Dyksterhuzen, Fjouwerhûs, Franjumbuorren, Glins, Hemmemabuorren, It Hoarslân, De Kreake, Ritsumabuorren, Ritsumasyl en Swettehoarne ta Menameradiel.

Lânkaart út 1698.
Wurk oan 'e wei by Hatsum, tusken Dronryp en Baaium, 16 july 1934.

Yn it gebiet fan Menameradiel wie al yn 'e trêde iuw f.Kr. terpbewenning. Der wiene dan ek in protte argeologyske fynsten dien, wêrûnder kremaasjeresten út de Romeinske Tiid, urnen en potten út 'e Iere Midsiuwen en, yn Dronryp, in goudskat fan fjirtich muntstikken út 'e sânde iuw.[1] Yn 'e Midsiuwen foarme Menameradiel de noardeastpunt fan Westergoa, dêr't de Middelsee oergie yn 'e Waadsee. Yn 'e tiid om 1100 hinne waard dêr de Hegedyk oanlein, dy't Westergoa beskerme tsjin 'e see.

Oarspronklik hearde Menameradiel binnen Westergoa ta de Frjentsjerter Fiifdielen, yn 'e mande mei Baarderadiel, Barradiel, Frjentsjerteradiel en Hinnaarderadiel. Doe't dat gebiet yn 'e rin fan 'e fjirtjinde iuw útinoar foel, ûntjoech Menameradiel him ta in selsstannige gritenij, dy't yn 1401 foar it earst yn in histoaryske boarne as sadanich neamd waard. Mei it tichtslykjen en ynpolderjen fan 'e Middelsee krige Menameradiel der eastlik fan 'e Hegedyk de Nijlannen by, mar it grutste part dêrfan heart hjoed de dei ta de gemeente Ljouwert.

Fan 'e aadlike stinzen en states dêr't Menameradiel yn 'e Lette Midsiuwen sa ryk oan wie, bleau frijwol neat bewarre. Inkeld it Poptaslot yn Marsum bestiet noch, dat datearret fan omtrint 1500.[2] Yn 'e Tachtichjierrige Oarloch fûn op 17 jannewaris 1586 by Boksum de nei dat doarp ferneamde Slach by Boksum plak, wêrby't in Fryske legerôfdieling ûnder de Deenske ofsier Steyn Maltisten ferslein waarden troch Spaanske troepen ûnder Juan Baptiste de Tassis.[1]

Yn 'e iuwen dêrnei ûntjoech Menameradiel him ta in tige wolfarrend gebiet. It wie it earste diel fan Fryslân dêr't jirpels ferboud waarden, wêrmei't ien fan 'e grutte súksesferhalen fan 'e Fryske Klaai begûn. Saillant detail wie dat it inisjatyf ta jirpelbou nommen waard troch gerniers en boere-arbeiders.[2] Troch de ôfhinklikheid fan 'e jirpels, dy't meitiid ûntstie, sloegen plantesykten as de jirpelsykte en ek de Lânboukrisis fan 1880 yn Menameradiel hurd ta.[2] De tweintichste iuw brocht mei de meganisaasje fan 'e lânbou grutte feroarings yn 'e gemeente.[2]

De Gritenij Menameradiel waard yn 1851 in gemeente, nei de ynfiering yn Nederlân fan de Gemeentewet fan Thorbecke. De grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 gie oan Menameradiel foarby om't de gmeente rom boppe de 10.000 ynwenners siet, wat doe as minimum oanholden waard. Op 1 jannewaris 2018 gie Menameradiel lykwols by in nije gemeentlike weryndieling yn 'e mande mei Frjentsjerteradiel, It Bilt en fjouwer doarpen yn noardlik Littenseradiel op yn 'e nije fúzjgemeente De Waadhoeke.

It Poptaslot yn Marsum.
De Tsjerke fan Slappeterp.
Utsjoch op Boksum.
It symboal fan Dronryp: d' Alde Wite.
It doarpsplein fan Berltsum mei it âlde poartegebou fan Hemmemastate.
Deinum mei de sipel op 'e toer (fan 'e Sint-Janstsjerke).

Op 30 april 2017 hie Menameradiel in befolking fan 13.439 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech doe 195,2 minsken de km².

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 jannewaris 2017 wie de befolking fan 'e gemeente sa oer de ûnderskate doarpen ferspraat:[3]

doarpynwenners
Dronryp3.281
Menaam2.609
Berltsum2.529
Marsum1.052
Deinum990
Bitgummole911
Bitgum792
Boksum405
Ingelum386
Wier210
Skingen115
Blessum89
Slappeterp85

De lêste (waarnimmend) boargemaster fan Menameradiel wie sûnt 15 july 2017 Theunis Piersma fan 'e FNP. De gemeenterie fan Menameradiel bestie út 15 sitten. Hjirûnder de ferdieling fan 'e sitten fan 1998 oant 2018:

Gemeenteraadszetels
partij19982002200620102014
GBM44245
CDA43333
PvdA32432
FNP23323
VVD22121
GrienLinks-1211
Totaal1515151515

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 6 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1791.
  2. 1 2 3 4 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 50.
  3. Feiten en Cijfers, webside Gemeente Menameradiel.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen It Amelân Dantumadiel Eaststellingwerf Flylân De Fryske Marren Harns It Hearrenfean Ljouwert Noardeast-Fryslân Opsterlân Skiermûntseach Skylge Smellingerlân Súdwest-Fryslân Tytsjerksteradiel De Waadhoeke Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) Baarderadiel (1851–1984) Barradiel (1851–1984) It Bilt (1851–2018) Boalsert (1455–2011) Boarnsterhim (1984–2014) Doanjewerstâl (1851–1984) Dokkum (1298–1984) Dongeradiel (1984–2019) Drylts (1268–1984) East-Dongeradiel (1851–1984) Ferwerderadiel (1851–2019) Frjentsjer (1374–1984) (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) Gaasterlân (1851–1984) Gaasterlân-Sleat (1984–2014) Haskerlân (1851–1984) Hylpen (1372–1984) Himmelumer Aldefurd (1851–1984) Hinnaarderadiel (1851–1984) Idaerderadiel (1851–1984) Kollumerlân (1851–2019) Lemsterlân (1851–2014) Littenseradiel (1984–2018) Ljouwerteradiel (1851–2018) Menameradiel (1851–2018) Nijefurd (1984–2011) Raerderhim (1851–1984) Skarsterlân (1984–2014) Skoatterlân (1851–1934) Sleat (1426–1984) Snits (1292–2011) Starum (1061–1984) Utingeradiel (1851–1984) Warkum (1399–1984) West-Dongeradiel (1851–1984) (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje