Frjentsjerter Fiifdielen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De lokaasje fan 'e Frjentsjerter Fiifdielen yn grien, mei de stêd Frjentsjer en syn klokslach werjûn yn read.

De Frjentsjerter Fiifdielen wie in jongere namme foar ien fan 'e âlde distrikten fan it Fryske Westergoa, dat oarspronklik bekend stie ûnder de namme Frjentsjer of in fariant dêrfan. De namme tsjut op de fiif gearwurkjende fiifdielen fan dat distrikt. De reden foar dy namme wie dat de stêd Frjentsjer it sintrum fan dit distrikt wie yn in tiid dat de âlde Middelsee it gebiet noch skate fan Ljouwert. De Frjentsjerter Fiifdielen moatte net betize wurde mei de Frjentsjerter Fiifgea, dat in gearwurkingsferbân tusken fiif doarpen yn âlde Frjentsjerteradiel wie.

Yn 'e fjirtjinde iuw foel it distrikt útinoar yn fiif lytsere bestjoerlike ienheden: de gritenijen Baarderadiel, Barradiel, (âld) Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel en Menameradiel. Oant yn 'e sechstjinde iuw waard noch geregeldwei gearwurke troch dizze gritenijen, en oant dy tiid bleau de âlde ienheid sels folslein yn stân op it mêd fan it behear en it ûnderhâld fan 'e saneamde Fiifdielediken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: