Sint-Janstsjerke (Deinum)
Sint-Janstsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Deinum | |
koördinaten | 53° 11' N 5° 43' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Jehannes de Doper | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28586 [1] | |
Webside | ||
PKN Terpoarte | ||
Kaart | ||
De Sint-Janstsjerke yn Deinum is in tjerke fan de Protestanske gemeente Terpoarte. De oarspronklik oan Jehannes de Doper wijde tsjerke is in ryksmonumint. De gemeente makket njonken de Sint-Jan ek gebrûk fan de tsjerken fan de Margrytsjerke yn Boksum en de Mariatsjerke yn Blessum.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut ûndersyk tidens in restauraasje yn de jierren 1970 hat bliken dien dat binnen de muorren fan de hjoeddeiske opin terp lizzende tsjerke earder in lytser romaansk tsjerke mei in ynboude toer stien hat. Dit tsjerkje waard om en de by 1200 ferfongen troch in nije tsjerke, dêr't in grut part fan de noardlike muorre noch in restant fan is, wylst de dêr oanwêzige dowestien noch ôfkomstich is fan it earste tsjerkje. De smelle rûnbôgefinsters dy't hjir heech yn de muorre sitte waarden by de restauraasje ûntdutsen en op 'e nij iepene. Yn de iergotyske tiid waard it tsjintwurdige fiifsidige koer boud. Foar dy tiid hie de tsjerke in healrûne ôfsluting. Oan de noardlike kant fan de tsjerke hat eartiids in oanbou sitten, it plak fan de oanbou falt noch jimmeroan oan it muorrewurk ôf te lêzen. De noardlike poarte is wer op 'e nij iepene.
Toer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toer mei de karakteristike sipel waard yn 1550 boud en bestiet fan ûnder út kleastermoppen en dêrboppe fan in lytsere soart stien. De sipel mei de fjouwer lytse hoektuorkes binne nei alle gedachten yn 1589 tafoege. Yn 1923 woene de tsjerkfâlden de sipel ôfbrekke om't de tsjerke it jild foar in restauraasje brek wie. Aldergelokst is it safier net kommen, der folgen aksjes dy't it nedige jild opbrochten en net allinne de sipel, mar de hiele toer waard dêrnei renovearre. Yn 1980 waard ûntdutsen dat de sipel begûn te fersakjen. It die bliken dat de iken balken oantaast wiene troch de bûnte knjifkrobbe. In restauraasje wie net mooglik en sa kaam it dat der yn 1989 in folslein nije sipel op de toer kaam.[2]
Yn de toer hinget in klok út 1544, dy't getten waard troch Johannes ter Steghe út Kampen. De Deinumer klok wie yn de Twadde Wrâldkriich foardere, maar waard nei de oarloch werom fûn op in skip yn in Dútske haven.[3] Oant 1740 hat der noch in twadde klok west, dy't yn 1617 getten waard troch Hans Falck fan Neurenberch. De Stifting ta Behâld fan Monuminten yn de gemeente Menaldumadiel joech opdracht om yn 2017 foar it lege plak yn de klokkestoel in twadde klok te jitten.[4] Nei it ophingjen fan de klok dy lykwols bliken dat it muorrewurk te lijen hie fan it lieden fan de klokken.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de restauraasje fan de jierren 1970 waard it ynterieur fan de tsjerke fernijd. De preekstoel yn it koer waard mei it doophek ôfbrutsen en dêrfoar yn it plak kaam oan de noardlike muorre in monumintale preekstoel (1696) út de yn 1972 sloopte tsjerke fan it Súd-Hollânske De Hem. Ek de 19e iuwske banken waard útbrutsen en ferfongen troch stuollen. Twa ienfâldige hearebanken krigen gjin nij plak yn de renovearre tsjerke. Yn 1865 wiene de trekbalken ferwidere en ferfongen troch izeren stangen. Dizze stangen binne yn de jierren 1970 wer ferfongen troch rekonstruearre trekbalken. Ien fan de trije tichte rûnbôgefinsters yn it koer waard iepenbrutsen en dêryn kaam in finster fan de keunstner Hans Almekinders, dat de doop fan Jezus troch Jehannes foarstelt. De lambrisearring waard ferwidere en inkelde nissen yn it koer út de katolike tiid fan de tsjerke binne sûnt wer sichtber makke.
De sarken fan de tsjerke binne byinoar brocht en yn it koer lein. Ek de monumintale sarken, dy't eartiids tsjin de noardlike muorre opsteld stiene, krigen dêr in nij plak.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al sûnt de 16e iuw stiet der in oargel yn de tsjerke. It earste oargel waard yn 1724 ferfongen troch in oargel fan Jan Harmensz, dat dêrnei yn 1865 ferfongen waard troch in monumintaal oargel fan Willem Hardorff út Ljouwert.[5] Om it ynstrumint foar de takomst te behâlden waard it ynstrumint yn 2017 troch Mense Ruiter skjinmakke en foarsjoen fan inkelde technyske oanpassings. Foar de ferbettering fan de klankkleur binne de registers Clarinet 8 voet en Tremulant tafoege. De wite oargelkast krige de oarspronklike kleuren werom. [6] De kosten fan de restauraasje bedroegen likernôch 100.000 euro.[7]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]En yn Deinum stiet in sipel op 'e toer… is in ferske dat eartiids yn Fryslân in protte songen is.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Oargel (2022)
-
Kânselbibel
-
Kânsel
-
Koerraam fan Hans Almekinders
-
Skilderij keunstner Giovanni Dalessi fan Jehannes de Doper
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|