Sint-Margryttsjerke (Boksum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Margryttsjerke
Boksum, Margryttsjerke, eksterieur.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
plak Boksum
adres Sint-Margrytwei 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
boustyl Romano-gotysk
oare ynformaasje
webside Side Terpoarte

De Sint-Margryttsjerke (ek: Margarethatsjerke) is in tsjerkegebou en ryksmonumint yn Boksum. De eardere herfoarme tsjerke is sûnt 1979 eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, mar wurdt brûkt troch de protestanske gemeente Boksum-Deinum-Blessum. Ek fine der geregeldwei konserten plak.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wijingskrús
Slútstik balken koer

It âldste diel fan de op in terp boude Margryttsjerke is it westlike diel. Dêr binne dielen te finen fan in romaanske tsjerke út it earste fearn fan de 12e iuw. Yn de noardlike en sudlike muorre binne dielen fan dowestien oanwêzich, dy't ôfkomstich binne fan de ôfbrutsen foargonger. Oan de ein fan de 13e iuw waard it romaanske koer ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in romano-goatysk fiifsidich koer. Om en de by 1474 waard de tsjerke heger makke en fûn der in gotisearing plak.

By in renovaasje yn de 19e iuw waarden dielen fan de muorren op'e nij mitsele, de gotyske finsters ynkoarte en de glês-yn-lead ramen útbrutsen en ferfongen troch houten ramen. De twa steunbearen tsjin de súdlike muorre en de steunbear tsjin de noardlike muorre binne ek 19e iuwsk. De noardlike tagong út ± 1500 is yn de rin fan de tiid tichtmitsele.

Jacobus Stellingwerf tekene de tsjerke yn 1723 mei in sealtektoer. Dy stoarte yn de nacht fan 5 op 6 febrewaris 1843 yn en waard dêrnei mei it âlde boumateriaal diels yn de westlike muorre op'e nij boud mei de tsjintwurdige spits.[1]

Restauraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Offier piscina

Fan 2001 oant 2003 is de tsjerke restaurearre. Tidens de restauraasje waard ûnder it paad nei de tsjerke in sarkofaach fan reade sânstien fûn. Dy sarkofaach leit no yn de foarhal ûnder in glêzen plaat. Ut de tiid fan foar de reformaasje datearret ek it alterblêd, dat ûnder de noardlike banken lei. It alterblêd hat in plak yn de foarhal krige. Efter de lambrisearring kaam in piscina te foarskyn, dêr de preester de sakrale gebrûksfoarwerpen skjin makke of it oerstallige doop- en wijwetter weispielde, sadat it wetter op de wijde ierde fan it tsjerkhôf telâne kaam. Ek waard yn de noardlike muorre in romaansk finster ûntdutsen, dy as in nis bewarre bleaun is. Under de flier kamen ek de renêssânse sarken foar de Juckema's út 1561 en 1565 op it middenpaad foar it ljocht. Under de 16e iuwske sark mei in gotysk râneskrift waard mooglik de preester begroeven.

Yn 2006 stjitten gravers op it hôf op noch in sarkofaag, dy't op it plak lizzen bleaun is.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

Nei de reformaasje waard de tsjerke geskikt makke foar de protestanske earetsjinst. De kleurstelling fan it ferfulft, de trekbalken en eleminten datearret fan dy tiid. Ut it midden fan de 17e iuw waarden de preekstoel en it doophek oanskaft. Likernôch út deselde tiid stamt de hearebank foar de preekstoel oer (1661), dêr't de famylje Glinstra-Bouricius plak hie. De measte banken binne yn de 18e of 19e iuw opsteld, mooglik binne der oan de noardlike kant ek noch in pear 17e iuwske banken. Yn it koer stiet in hearebank út de 19e iuw (1826). Opfallend yn it koer is it slútstik fan de balken: in mantsje dat yn'e hoksen sit mei in oan wjerskanten fan him twa him gekoanstekkende maskers. It fers op in betinkingsboerd oer de Slach by Boksum stamt oarspronklik út 1586 en waard yn de 19e iuw fernijd. Oare sarken binne dy fan dûmny Rintzius Meilsma (1721), syn frou (1693) harren dochterke (1693).[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Pronkstik fan de tsjerke is it grutte oargel dat op de westlike kreake tusken in houten drapery stiet. Bouwer fan it ynstrumint út 1675 wie Harmen Jans út Berltsum. Jan Franssen út Sweins foege yn 1728 it rêchposityf ta. Lambertus fan Dam fernijde it oargel yn 1799. De drapery is fan 1810 en in pear jier letter foege Jan Reinders Radersma it oanhongen pedaal ta. Yn in grut diel fan de 19e iuw hat Willem Hardorff it ynstrumint yn ûnderhâld hân. Bakker & Timmenga fierde oan it begjin fan de 20e iuw in renovaasje út, dy't foar in belangryk diel efter it besteande front nijbou betsjutte mei behâld fan in diel fan de âlde pipen. Ek de disposysje bleau net itselde; ûnbekend is hokker disposysjes it oargel earder hie.

Yn jannewaris 2011 waard in begjin makke mei de restauraasje fan it ynstrumint, dy't oant 2013 duorre. It útgongspunt fan de restauraasje wie dat de besteande sitewaasje hanthavene bliuwe moast. Mei it oargel ûndergyngen ek it oargelfront en de drapery in renovaasje.

It ûngefear 900 pipen tellende oargel heart ta de âldste oargels fan Fryslân.[3]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: