Springe nei ynhâld

Wijingskrús

Ut Wikipedy
Wijingskrús oan de muorre fan de Margryttsjerke yn Boksum

In Wijingskrus (lat. crux signata) of Konsekraasjekrús is in krús, dat op de binnenmuorren fan katolike tsjerken, op alterplaten en op liturgysk reau oanbrocht wurdt. By de it yn gebrûk nimmen fan in nije of ferboude tsjerke segenet de biskop de krusen mei oalje. Dêrmei wurdt it tsjerkegebou in sakraal gebou.

Oan de muorren binne ferdield oer it tsjerkegebou tolve wijingskrusen, likefolle as it tal apostels, om dy reden wurdt it wijingskrús ek wol apostelkrús neamd. Alterplaten hawwe fiif wijingskrúskes, op eltse hoeke ien en ien yn it midden, likefolle as it tal wûnen fan de krusige Kristus.

Protestanten moasten neat fan de wijing fan saken ha en kalken nei de ynfiering fan de reformaasje de faak beskildere muorren mei alle oare katolike oantinkens, wêrûnder ek de wijingskrusen, oer. By restauraasjes wurde resten fan de oarspronklike beskildering fan it ynterieur somtiden werom fûn en sa komt it foar dat ek yn protestantske tsjerken wol ris in wijingskrús te sjen is.

In wijingskrús hat fjouwer earms fan deselde lingte, dy nei bûten ta útwaaierje. Tradisjoneel is de kleur read en om it krús is in ring oanbrocht. In wijingskrús kin ek fan koper of oar materiaal wêze.