Margareta fan Antiochje

Ut Wikipedy
Margareta fan Antiochje
   hillige
Sint-Margryt.
Sint-Margryt.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 289
berteplak Antiochje yn Pisidje
stjerdatum 305
stjerplak earne yn Antiochje
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
guon protestantske tsjerken
hjeldei 20 july (R.-K. en guon protestantske tsjerken)
17 july (East.-Ott.),
attributen Krús, draak, palmtûke

Margareta fan Antiochje (ek Sint-Margryt; † ± 305) is in kristlike hillige. Hja is ien fan de fjirtjin needhelpers. Yn Fryslân is Margareta patroanhillige fan de doarpen Boksum en Easterlittens.

Hagiografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de ferzje fan de Legenda aurea fan Jakobus de Voragine waard Margareta berne as dochter fan in heidenske preester. Har mem ferstoar al gau nei de berte fan Margareta en sa krige se fan in kristlike frou it boarst. Har amme, dy't in pear kilometer fan Antiochje ôf wenne, adoptearre har en dêr op it plattelân hoede se de skiep. Ek waard se ûnderwiisd yn it kristlike leauwe en Margareta liet har tsin it sin fan har heit bekeare. De Romeinske prefekt Olibrius kaam ris del en doe't er seach hoe kreas hja wie woed er mei har trouwe. Hja foldie oan alles dat er winske, mar easke dat se it kristendom ôfswarde. Nei't se wegere har leauwe ôf te swarren folge de martlersgong. Wylst barden der neffens de oerlevering grutte mirakels. Ien dêrfan wie dat se yn de finzenis troch de duvel yn de foarm fan in draak opfretten waard. De yngewanten fan de draak fernearren lykwols net it krús dat Margareta mei har meidroech en spuide har wer út. De Legenda aurea beskriuwt dat lêste as apokryf en dat it net earnstich nommen wurde moat. In fariaasje yn it ferhaal is dat de draak tebarste by it slaan fan in krús troch Margareta.

Plafondfresko fan de martlersgong fan Sint-Margareta yn de stiftstsjerke St. Margarethen (Waldkirch, Dútslân)

Doe't de prefekt yn 'e rekken krige dat er Margareta net foar him winne koe liet er har finzen sette. It besykjen om har te ferdrinken mislearre en nei't se har tamtearren mei izeren kammn en gleone fakkels ferstoar Margareta troch ûnthalzing lang om let de martlersdea.

Letter wie Margareta ien fan de stimmen dêr't Jeanne d'Arc har troch liede liet.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Margareta is ien fan de fjirtjin needhelpers. Mei Dorotéa, Barbara en Katarina foarmet hja de fjouwer Quattuor Virgines Capitales, de fjouwer wichtichste hillige jongfammen. Foar boeren sette op guon plakken eartiids de rispinge op de Margaretadei útein.[1] Op it skiereilân Atos wurde yn ferskillende kleasters reliken bewarre fan har hannen.[2]

Sint-Marina[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Margareta wurdt yn de otterdokske tsjerken Sint-Marina neamd. Yn de otterdoksy hat Marina in assosiaasje mei de see, dat wize kin op in âldere goadinnentradysje, dy't de heidenske Afrodite wjerspegelet.

Ikonografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen it foarkommen fan de draak as attribút wurdt Margareta wol lyksteld mei de fan Joaris befrijde keningsdochter. Fierder draacht Margareta fakentiden in krús of in fakkel. Ek komt it foar dat se in palmtûke yn har hân hâldt.

De foarstellings fan Margareta yn de kristlike ikonografy komme sûnt de 10e iuw yn it easten en sûnt de 12e iuw yn it westen foar. Yn de Noarske steaftsjerke fan Torpo bleau in 12e-iuwsk fresko fan de hillige Margareta bewarre, dat him lêze lit as stripferhaal. Yn Fryslân bleau in fresko fan Margareta oan ien fan de noardlike pylders fan de Martinytsjerke yn Frjentsjer bewarre.[3]

Beskermhillige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hja is patronesse fan boeren, hoeders, jongfammen, boarstbringsters, froulju yn 'e bertefleagen en ûnfruchtbere froulju. Se wurdt oanroppen by syktes oan it antlit, wûnen en ûnfruchtberens.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Margareta von Antiochia