Atos

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Simonopetra-kleaster op de Berch Atos

De Hillige Berch Atos (Aldgryksk: Ἄθως Áthōs, Nijgryksk: Άθως Áthos; sûnt de Byzantynske tiid meastentiids: Άγιον Όρος, Ágion Óros, "Hillige Berch") is in berch, skiereilân en otterdokske muontserepublyk yn Grikelân, mei in autonome status ûnder de Grykske soevereiniteit.

It skiereilân is bekend fanwegen de lange monastike tradysje, dy't werop giet op 800 jier nei Kristus en it Byzantynske tiidrek. Tsjintwurdich wenje ôfsûndere fan de rest fan de wrâld op Atos mear dan 2.000 muontsen. Hja komme út Grikelân en oare eastersk-otterdokske lannen. De kleasters besitte in grut tal seldsume boeken, kostbere ikoanen en net te beteljen keunstwurken fan grutte skiedkundige wearde. Sûnt 1988 stiet Atos op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Alhoewol't Atos krekt as de rest fan Grikelân diel útmakket fan de Jeropeeske Uny, waard de status fan de monastike steat fan de Hillige Berch en de jurisdiksje fan de ynstellings op Atos ôfsûnderlik beskreaun en ratifisearre nei it talitten fan Grikelân ta de Jeropeeske Mienskip (de foarrinner fan de Jeropeeske Uny). De frije tagong fan persoanen en guod op it grûngebiet fan Atos is net tastien, útsein as de autoriteiten fan de Monastike Steat dêr tastimming foar jûn hat. It is allinnich manlju tastien om in besite te bringen oan it eilân.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skiereilân, dat de eastlike foet fan it gruttere Kalkidike-skiereilân yn sintraal Masedoanje foarmet, stekt 50 kilometer yn de Egeyske See en is 7 oant 12 kilometer breed. It 335,6 km² hat steile, ticht beboske hellings oant maksimaal 2.033 meter heech.

De see om it eilân hinne kin gefaarlik wêze. Yn de skiednis fan it âlde Grikelân binne twa grutte skipsrampen bekend: yn 492 foar Kristus ferlear Darius, kening fan Perzje, 300 skippen ûnder generaal Mardonius en yn 411 foar Kristus fergyng in Spartaanske float fan 50 skippen ûnder admiraal Epicleas.

Alhoewol't Atos ferbûn is mei it fêste lân is it allinne mei in fearboat te berikken. Ofhinklik fan it waar binne der ferskillende tsjinsten dy't alle dagen tusken Ouranoupolis en Dafni, de haven fan Atos, farre.

Tagong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tal minsken dat de Berch Atos opsykje meie is beheind. Der moat in spesjale permisje oanfrege wurde en dy permisje jild foar in beheinde tiid. Allinne manlju krije tastimming foar in besite op it skiereilân, dat troch de muontsen de "Tún fan de Jongfaam Marije" neamd wurdt. Otterdokske kristenen hawwe by de oanfraach foar in besite foarrang. Bewenners fan it eilân moatte manlju fan teminsten 18 jier en lid fan de Eastersk-Otterdokske Tsjerke wêze; hja hawwe harren wurk op it skiereilân of hja binne muonts..

Kleasters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart mei de lokaasjes fan de kleasters

Der binne op Atos twintich kleasters. Neffens âlderdom binne dat:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]