Springe nei ynhâld

Ksenofontos-kleaster

Ut Wikipedy
Ksenofontos-kleaster
Μονή Ξενοφώντος
Lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
koördinaten 40° 14' N 24° 11' E
Kleastergegevens
oprjochting 10e of 11 iuw
oprjochter abt Ksenofon
patroanhillige Sint-Joaris
Webside
www.imxenophontos.eu
Kaart
Ksenofontos-kleaster (Atos)
Ksenofontos-kleaster

It Ksenofontos-kleaster (Gryksk: Μονή Ξενοφώντος) is in otterdoks-kristlik kleaster yn 'e monastike steat fan 'e berch Atos yn Grikelân. It kleaster leit oan 'e westkust fan it skiereilân. Yn it kleaster wenje likernôch 30 muontsen, foar de haadsaak Griken.

It kleaster waard yn 'e 10e of 11e iuw stifte en neamd nei de stifter, de earst abt Ksenofon. Fanwegen de gaadlike lizzing oan 'e kust wie it fakentiden it slachtoffer fan oerfallen fan piraten. Under de Turkske besetting koe it kleaster him steande hâlde troch skinkings fan rike Balkanroemenen en twa doarpen, dy't troch Roemeenske prinsen oan it kleaster tawiisd wiene.

De nije katolikon.

Yn 'e 16e iuw waard it kleaster yn mearderheid bewenne troch Slavyske muontsen. De ûndergong fan it kleaster kaam yn 'e 17e iuw, doe't yn in perioade fan algehiel ferfal fan it monastike libben op Atos it Ksenofontos-kleaster finansjeel oan 'e grûn rekke troch in syndikaat fan jildwoekerders. In iuw letter waard it kleaster wer nij libben ynblaasd. Yn dy tiid waard in nije katolikon boud, ien fan 'e grutste op Atos. Doe't de Grykske opstân yn 1821 útbriek tsjin de Turkske besetters wie de katolikon krekt foltôge. De âlde katolikon stiet oan 'e súdlike kant fan it kleaster en is fersierd mei ier-kristlike symboalen. De kearn fan it gebou giet werom op 'e 11e iuw, mar der binne lettere tafoegingen. Yn 'e âlde katolikon stiet in ikonostaze út 'e 17e iuw. De klokketoer stamt út 1864 en de bou boppe de hillige boarne út 1901.

De muontsen fan it koar foarmje ien fan 'e bêste Byzantynske koaren fan it kleastereilân. Allinne de koaren fan it Vatopedy en Gregoriou foarmje echte konkurrinten fan it koar fan it Ksenofontos-kleaster.

Yn 'e bibleteek binne likernôch 300 manuskipten en 4000 printe boeken.

It kleaster is krektlyn restaurearre mei jild fan 'e Grykske oerheid en de Jeropeeske mienskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Osiou Gregoriou monastery


Kleasters fan Atos

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
· · Berjocht bewurkje