Pantokratoros-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pantokratoros-kleaster

Μονή Παντοκράτορος

Pantokratoros 1.jpg
lokaasje
lân Flag of Greece.svg Grikelân
plak Flag of the Greek Orthodox Church.svg Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1363
oare ynformaasje
webside mountathos.gr

It Pantokratoros-kleaster (Gryksk: Μονή Παντοκράτορος) is in eastersk-otterdoksk kleaster yn de autonome monastike steat fan de berch Atos. It kleaster stiet op de noardeastlike kant fan it skiereilân.

It kleaster waard yn 1363 stifte troch de megas stratopedarchēs Aleksy en de megas primikērios Jehannes en stiet op it sânde plak yn de hiërargy fan de sechtjin kleasters op Atos.

De katolikon fan it kleaster is tagelyk mei it kleaster boud en wijd oan de Transfiguraasje fan de Hear. Yn de katedraal binne fresko's dy't werom geane op it tredde fearn fan de 14e iuw, mar dy't yn 1854 op 'e nij skildere binne. De klokketoer is 19e iuwsk.[1]

It kleaster bewarret in grut tal reliken fan hilligen, in stikje fan it Wiere Krús, in part fan it skyld fan Sint-Merkurius en ikoanen út de 14e iuw. Yn de bibleteek fan it kleaster wurde likernôch 350 manuskripen en 3.500 boeken bewarre.

Kaart fan Atos mei de lokaasje fan it kleaster

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Pantokratoros Monastery