Agiou Pavlou-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Agiou Pavlou

Αγίου Παύλου

De 19e iuwske katolikon fan it kleaster
De 19e iuwske katolikon fan it kleaster
lokaasje
lân Flag of Greece.svg Grikelân
plak Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1035 (stiftingsjier)
oare ynformaasje
webside mountathos.gr

It Agiou Pavlou-kleaster (Gryksk: Μονή Αγίου Παύλου; Sint-Pauluskleaster) is in eastersk-otterdoksk kleaster op de súdwestlike helling fan de berch Atos yn Grikelân. It Pauluskleaster is fjirtjinde yn rang fan de kleasters fan it skiereilân en de katolikon waard wijd oan de Presintaasje fan Jezus yn de Timpel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stifting fan it kleaster fûn tusken it lêste fan de 10e en it begjin fan de 11e iuw plak troch Paulus fan Kseropotamou, dy't ek it kleaster mei deselde namme op it skiereilân stifte. Nei de stifting fan it kleaster wiene der twa kleasters op Athos mei deselde namme. Fan ôf 1108 krige it kleaster de hjoeddeiske namme.

Agiou Pavlou (2012)

It kleaster rekke yn ferfal en tusken 1355 en 1365 kocht de Servyske ealman Antonije Bagaš tegearre mei Nikola Radonja it kompleks. Hja restaurearren it kleaster mei stipe fan Radonja's bruorren Vuk Branković en Grgur Branković en Antonije Bagaš waard de earste abt fan it nije kleaster. Dêrmei begûn de Servyske perioade yn de skiednis fan it kleaster. Lang gyng it kleaster in tiid fan wolstân yn 'e mjitte en mannich foarst út it Donau-gebiet droech rynsk oan de rykdom fan it kleaster by, mar troch de wrede belestings fan de Ottomaanske besetter folge yn de 18e iuw in tiid fan delgong.[1]

Mei't de sitewaasje oan it begjin fan de 19e iuw ferbettere koe it kleaster de skulden wer ôfbetelje. Tusken 1839 en 1844 waard in nije katolikon boud. Yn de katolikon is in in ikonostase fan moarmer.

By it kleaster hearre tolve kapellen. De kapel fan Sint-Joaris is de âldste en fersierd mei fresko's út 1555.[2] De bibleteek fan it kleaster bestiet út 494 manuskripen en mear as 12.000 boeken. Wichtige reliken út it kleaster binne de geskinken fan de Trije Wizen, de foet fan Gregoarius de Teolooch, in stikje fan it Wiere Krús, liturgysk reau en religieus tekstyl.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Agiou Pavlou monastery