Dochiariou-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dochiariou-kleaster

Μονή Δοχειαρίου

Athos 1.jpg
lokaasje
lân Flag of Greece.svg Grikelân
plak Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Stifting twadde helte 10e iuw
oare ynformaasje
webside inathos.gr

It Dochiariou-kleaster (Gryksk: Μονή Δοχειαρίου) is in eastersk-otterdoksk kleaster op de berch Atos yn Grikelân. It leit oan de westlike kant fan it eilân en it is it earste kleaster dat te sjen is as it skiereilân mei de boat út Ouranoupoli nei Dafny oandien wurdt. Yn it ferline is de posysje fan it kleaster op Atos noch al ris feroare, mar tsjintwurdich stiet it as tsiende yn de rang fan de Atos-kleasters.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen skriuwe de stifting fan it kleaster oan ferskillende persoanen ta. Nei alle gedachten waard de foargonger fan it hjoeddeiske kleaster yn de twadde helte fan de 10e iuw by de haven fan Dafni stifte. Om't de muontsen lêst krigen fan piraten ferlieten hja letter it âlde plak en ferhûzen se nei it tsjintwurdige kleaster. De katolikon waard wijd oan de aartsingels Michael en Gabriel.

It kleaster hie slim te lijen yn de tiid fan de Grykske opstân tsjin de Ottomanen yn 1821. De Turken mishannelen de muontsen en plonderen it kleaster.

De bibleteek bestiet út 545 manuskripten en mear as 5000 printe boeken. Yn it kleaster wurdt in wûnderdiedich ikoan bewarre.

De katolikon fan it kleaster datearret út it midden fan de 16e iuw. De fresko's fan de tsjerke binne skildere troch skilders fan Kreta, de ryk fersierde ikonostase stamt út 1783. Binnen de kleastermuorren binne der noch ris tolve kapellen, bûten de muorren fjouwer.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Dionysiou