Konstamonitou-kleaster
Konstamonitou-kleaster Μονή Κασταμονίτου | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
koördinaten | 40° 17' N 24° 10' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 11e iuw | |
patroanhillige | Sint-Stefanus | |
Webside | ||
inathos.gr | ||
Kaart | ||
It Konstamonitou-kleaster (Gryksk: Μονή Κασταμονίτου) is in otterdoks-kristlik kleaster yn 'e Autonome Monastike Steat fan de Hillige Berch Atos yn Grikelân. It kleaster stiet op 'e súdeastlike kant fan it skiereilân en is it twintichste kleaster yn 'e hiërargy fan 'e Atos-kleasters.
It Konstamonitou-kleaster waard yn 'e midden fan 'e 11e iuw stifte, of troch in net bekend lid fan 'e aristokratyske Byzantynske Kastamonites-famylje of troch in oar persoan út it gebiet fan Kastamon yn it tsjintwurdige Turkije. It waard oan Sint-Stefanus wijd.
De skiednis fan it kleaster yn 'e Byzantynske perioade is frij ûnbekend en oant de 14e iuw liket it kleaster net in hiel soad betsjutting hân ha. Nei't it yn 'e jierren 1420 ferneatige waard troch in brân liet de Servyske ealman Radič it restaurearje. Fanút de Súd-Slavyske lannen teagen in soad muontsen nei it renovearre kleaster. Dêrnei folge in tiid fan wolstân
De gebouwen fan it kleaster stamme út de 18e en 19e iuw.
Yn 'e bibleteek wurde 110 manuskripten en ûngefear 5.000 printe boeken bewarre.
Fan 'e kleasterskatten is in mirakuleus 8e-iuwsk ikoan fan Stefanus it neamen wurdich. Dêrnjonken hat it kleaster noch twa wûnderdiedige ikoanen fan Panagia Hodegetria en Panagia Antiphonetria. Oare weardefolle saken fan it kleaster binne in stikje fan it Wiere Krús, in Byzantynsk lykkleed, liturgysk tekstyl en liturgysk reau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Konstamonitou Monastery
|