Stavronikita-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Stavronikita-kleaster

Μονή Σταυρονικήτα

Stavronikita Aug2006.jpg
lokaasje
lân Flag of Greece.svg Grikelân
plak Flag of the Greek Orthodox Church.svg Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
webside inathos.gr

It Stavronikita-kleaster (Gryksk: Μονή Σταυρονικήτα) is in oan de hillige Nikolaas eastersk-otterdoksk kleaster yn de monastike steat fan de Berch Atos, Grikelân. It waard boud op in hege rots midden oan de eastlike kust fan it skiereilân tusken it Iviron-kleaster en it Pantokratoros-kleaster. Op it stuit wenje der yn it kleaster likernôch 30 oant 40 muontsen. It Stavronikita-kleaster giet werom op de 10e iuw en stiet fyftjinde yn de rang fan de kleasters.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ferskillende tradysjes oer de komôf fan de namme. Neffens ien dêrfan is de namme in kombinaasje fan de nammen Stavros en Nikitas, muontsen dy't yn twa sellen op it kleasterterrein wenne ha. In oare tradysje ferhellet oer in Byzantynske ofsier mei de namme Niceforus Stavronikitas, dy't ûnder keizer Jehannes I Tzimiskes tsjinne en it kleaster boude en nei himsels ferneamd hawwe soe. De tredde tradysje wol hawwe dat in amter mei de namme Nikitas it kleaster stifte hat. Syn feestdei op de otterdokske hilligenkalinder falt op de dei nei it Feest fan it Krús, dat it kleaster draacht de kombinaasje fan dy amtner syn namme en it wurdt stavros, dat Gryksk foar 'krús' is.

Yn guon dokuminten wurdt it kleaster ek it kleaster fan de Teotokos neamd, wat betsjut dat it kleaster oarspronklik oan de Mem fan God wijd wie.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferskillende ferzjes oer de namme tsjutte op de dizige oarsprong fan it kleaster. In dokumint út 1012 wurdt troch de abt Nikiforos ûnderskreaun mei Nikiforos, muonts fan Stravonikita (ικηφόρος μοναχός ο του Στραβωνικήτα), wylst deselde muonts yn in dokumint út 1016 as fan Stavronikita (του Σταυρονικήτα) ûndertekene. Dat soe betsjutte dat der al in kleaster wie yn de earste helte fan de 11e iuw. Neffens de argeoloog Sotiris Kadas wie it kleaster ien fan de earste op de berch Atos.

Akwadukt

Dit iere diel fan de kleasterskiednis einige likernôch yn de earste helte fan de 13e iuw, doe't it kleaster ferlitten waard as gefolch fan de oanhâldende piratenoerfallen en de grutte gefolgen fan de Fjirde Krústocht foar it Byzantynske Ryk. It ferlitten kleaster kaam ûnder de jurisdiksje fan oare kleasters en funksjonearre fierder as in lytse en isolearre mienskip. Yn 1533 ferkocht it Filotheou-kleaster it oan Gregorios Giromeriatis, de abt fan in kleaster út de omkriten fan Tesprotia. Jeremias I, de partriarch fan Konstantinopel, soarge der mei in edikt foar dat it de status fan kleaster werom krige, itjinge it tal Atos-kleasters doe op twintich brocht. Stavronikita is dus it lêste kleaster dat op de Berch Atos ynwijd waard. Gregorios Giromeriatis ferliet syn kleaster yn Tesprotia en naam syn yntrek yn Stavronikita. Hy liet in muorre om it kleaster bouwe en ek de katolikon. Nei syn dea yn 1540 liet patriarch Jeremias út wurdearring Gregorios Giromeriatis it wurk ôfmeitsje.

Stravonikita bleau altiten in lyts kleaster, sawol wat de grutte as it tal muontsen oanbelanget. It kleaster bleau yn ûntwikkeling efter troch bargebiten mei oare kleasters en lytse, oanbuorjende kleastermienskippen, spul oer de grûn en twa grutte brannen yn 1607 en 1741. Oan de oare kant groeide it kleaster. Yn 1628 waard de katolikon restaurearre en yn 1770 waarden in grut akwadukt oanlein en de Demetriuskapel, de Aartsingelskapel en de Kapel fan de fiif Martlers boud.

Mei de Grykske Unôfhinklikheidskriich ûntstienen oan it begjin fan de 19e iuw op 'e nij drege tiden foar it kleaster. De ynfal fan it Ottomaanske leger yn Atos hie dat gefolch dat Stavronikita en oare kleaster leech rûnen. De muontsen kamen wer nei de ôftocht fan de Turken, mar dêrnei waard it kleaster troffen troch brannen yn 1864, 1874 en 1879. Der folge weropbou, mar troch de kosten rekke it kleaster yn de reade sifers, itjinge op 'e nij foar ferfal soarge.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stavronikita is it lytste kleaster fan alle kleaster op de Berch Atos. Byldbepalend binne de toer by de tagong, it akwadukt en de iuwenâlde sypressen bûten de westlike hoeke fan it kompleks. De oan Nikolaas wijde katolikon is de lytste katolikon fan alle oare kleasters op Atos. De tsjerke waard fersierd mei fresko's en in ikonostase mei wurk fan de ikoaneskilder Teofanus fan Kreta en syn soan Simeon. De refter leit op de boppeferdjipping fan de súdlike kant fan it kompleks en is ek dekorearre mei wichtige muorrebeskilderings.

Yn de twadde helte fan de 20e iuw wie it kleaster gruttendiels ferlitten en stadichoan ferfoel it kompleks. Troch in rige ierdskoddings rekke ek de rots, dêr't it kleaster op boud is, ynstabyl. Grutte soargen wiene der oer de takomst fan it kleaster, om't it bliken die dat de rots stadich ôfbrokkele en nei de see like te gliidzjen.

In organisaasje foar it behâld fan it Atos-erfguod ûndernaam op 'e tiid aksje en sette útein mei de restauraasje fan it kleaster. Fan 1981 oant 1999 ûndergyng it kleaster in grutte renovaasje en sûnt waard ek de rots stabilisearre.

Kulturele skatten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster besit in ferneamd ikoan út de 14e iuw fan de hillige Nikolaas, bekend ûnder de namme Streidas (Άγιος Νικόλαος ο Στρειδάς, "Sint-Nikolaas fan de Oester") om't in oester, doe't it ikoan tafallich op de boaiem fan de see fûn waard, him fêstbiten hie op it plak fan de foarholle fan Nikolaas. Neffens de tradysje soe de foarholle fan de hillige by it ferwiderjen fan de oester blet ha.

Stavronikita hat in belangrike samling ikoanen en reliken. Ek besit it kleaster lyturgyske klaaiing en oare weardefolle saken. De bibleteek hat 171 manuskripten, wêrfan't 58 skreaun binne op perkamint. Guon manuskripen binne mei miniatueren dekorearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Stavronikita