Panteleimon-kleaster

Ut Wikipedy
Panteleimon-kleaster

Άγιος Παντελεήμων

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 19e iuw
offisjele webside
esphigmenou.com

It Panteleimon-kleaster (Russysk: Монастырь Святого Пантелеймона, Gryksk: Μονή Αγίου Παντελεήμονος, Moní Agíou Panteleímonos), ek bekend as "Rossikon" (Russysk: Россикон, Rossikon, Gryksk: Rossikón), is in Russysk-otterdoksk kleaster op it súdwestlike diel fan it skiereilân Atos yn Masedoanje, Noard-Grikelân. It wurdt faak oantsjutten as "Russysk" en hat histoaryske en liturgyske bannen mei de Russysk-Otterdokske Tsjerke, mar it kleaster falt lykas alle oare monastike delsettings op Atos ûnder de tsjerklike jurisdiksje fan it Oekumenyske Patriargaat fan Konstantinopel. Alle muontsen fan it kleaster binne, meastentiids naturalisearre, boargers fan Grikelân.

It Panteleimon-kleaster is it njoggentjinde kleaster yn de hiërargy fan de Atos-kleasters.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard stifte troch ferskate muontsen út de Kiëvske Rus yn 'e 11e iuw en dêrom stiet it bekend as it "Rossikon". Yn bepaalde perioaden fan de skiednis wiene de bewenners fan it kleaster foaral Russen, mar doe't harren heitelân slim te lijen hie ûnder de Mongoalske ynfallen wiene hja in minderheid yn it kleaster en befolken Serven en Griken it kleaster. Yn 1169 waard it as in selsstannich kleaster erkend.

Yn de rin fan de skiednis waard it kleaster ferskate kearen troch grutte brannen ferneatige. Sa waard it kleaster yn 1307 troch Katalaanske piraten oanfallen. Under it Turkske bewâld hie it kleaster it sa dreech, dat it hast folslein ferlitten wie. Dan foel it kleaster mei oare kleasters ûnder de hoedersskip fan de hillige mienskip fan Atos.

De 19e iuwske katolikon

Doe't de russyske admiraal Fjodor Usjakov nei syn oerwinning op de Turken yn 1774 mei syn fregat yn it eastlike diel fan de Middellânske See fear, stelde de admiraal it kleaster ûnder syn beskerming. Tsarina Katarina de Grutte wie it dêr mei iens en naam it kleaster op 'e noed. De muontsen dy't it âlde kleaster yn 1765 ferlitten hiene, ferhûzen nei in nij kleaster tichteby de kust. Benammen yn de earste desennia fan de 19e iuw waard it kleaster aloan fergrutte. De oan de hillige Panteleimon wijde katolikon, de haadtsjerke fan it kleaster, waard tusken 1812 en 1921 boud. It kleaster waard hieltiten útwreide en ek it tal muontsen naam ta, sadat it Rossikon ta it grutste kleaster fan Atos rekkene wurde koe. Foar de Russysk-Turkske Kriich fan 1877-1878 spile it kleaster in wichtige rol by de nea útfierde russyske plannen om op Atos, dat oant 1912 noch by it Osmaanske Ryk hearde, russyske en bulgaarske koloanjes te stiftsjen.

Nei't de Turken de ôftocht blaasden, begûn nei in lange tiid fan ôfwêzigens de massale yntocht fan russyske muontsen. Yn 1895 wiene der al likernôch 1000 muonsten fan russyske komôf, yn 1903 wiene dat 1466 en yn 1913 wiene der al mear as 2000. De ferfolging fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke troch Lenin en Stalin liet it tal russyske muontsen nei de Oktoberrevolúsje wer drastysk sakje. Under de Grykske militêre diktatuer fan 1967 oant 1974 waard it russyske muontsen net tastien in besite te bringen oan it kleaster.

In grutte brân op 23 en 24 oktober 1968 ferneatige likernôch de helte fan it kleaster. Yn 1973 telde it Rossikon noch mar 20 muontsen, mar sûnt de fal fan de Sovjet-Uny wurdt de monastike mienskip wer grutter en hat it foaral in jonge kleasterbefolking. Vladimir Pûtin wie de earste russyske presidint dy't op 9 septimber 2005 it kleaster besocht.

It kleaster hat in reputaasje fanwegen de klokken. De grutste klok weacht 13 ton en hat in diameter fan 2,7 meter. Yn de bibleteek binne 1320 manuskripten, dêrfan 600 yn it Slavysk, en mear as 20.000 boeken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Rossikon