Hilandar-kleaster
Hilandar-kleaster Μονή Χιλανδαρίου | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
koördinaten | 40° 20' N 24° 7' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Servysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1198 | |
oprjochter | Rastko Nemanjić en prins Stefan Nemanja | |
patroanhillige | Teotokos "fan 'e Trije Hannen" (Marije) | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 10e iuw | |
Webside | ||
inathos.gr | ||
Kaart | ||
It Hilandar-kleaster (Servysk Sirillysk: Манастир Хиландар, Gryksk: Μονή Χιλανδαρίου) is it servysk-otterdokske kleaster op 'e berch Atos yn Grikelân. It waard yn 1198 troch Rastko Nemanjić op 'e noardeastlike kant fan it skiereilân stifte, dy't ûnder de kleasternamme Sava de earste aartsbiskop fan 'e Servysk-Otterdokske Tsjerke waard. Dat die Sava tegearre mei syn heit, de stifter fan 'e Nemanjić-dynasty, prins Stefan Nemanja, dy't by syn troansôfstân de monastike ûnthjitten die om ûnder de namme Simeon in gewoane muonts yn Hilandar te wurden. It kleaster stiet op it fjirde plak yn 'e hiërargy fan 'e Atos-kleasters. De namme fan it kleaster is ôflaat fan in beskaat Byzantynsk type skip.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de stifting fan it kleaster wie der earder in kleaster dat foar it earst yn 1015 neamd en doe as folslein leech en ferlitten omskreaun waard, sadat it ûnder tafersjoch fan it Konstamonitou-kleaster set wurde moast. In skipper, dy't ûnder de befolking fan Atos heech achte waard, wie nei alle gedachten yn 980 de oarspronklike stifter fan dat âlde kleaster. De katolikon wie al wijd oan 'e Yntocht fan 'e Teotokos yn 'e Timpel (feestdei 21 novimber). Al gau dêrnei waard it kleaster slachtoffer fan oanhâldende plonderingen troch piraten.
Yn 1198 folge de nije stifting doe't keizer Aleksios III Angelos (1195-1203) op oantrunen fan 'e kleastermienskip fan Atos in mei goud fersegele bul skreau en it ferlitten kleaster oan 'e Servjers oerdroech as in ivich geskink. Hilandar waard sa oerdroegen oan Sint-Sava en Sint-Simeon, mei it doel om in nije monastike mienskip te stiftsjen, dy't in keizerlike status krige. Sûnt dy tiid is it kleaster in hoekstien fan it religieuze, edukative en kulturele libben fan it Servyske folk.
Yn 'e jierren 1198 oant 1200 bouden Sava en Simeon de nije katolikon fan 'e Yntocht fan 'e Teotokos yn 'e Timpel, de Sint-Savatoer, de Kambanski-toer en de sellen foar de muontsen. Dat waard allegear finansjeel mooglik makke troch de famylje fan beide muontsen. De oarkonde dy't Simeon yn it ramt fan 'e stifting makke, bleau oant de Twadde Wrâldkriich bewarre, mar gyng ferlern doe't de Dútsers Belgrado op 6 april 1941 bombardearren en de Nasjonale Bibleteek fan Servje lyk mei de grûn makken. Nei de stifting fan it kleaster ferhûzen hûnderten muontsen út Servje nei it kleaster, wylst it kleaster grutte stikken lân, metochions en de belesting fan in soad doarpen tawiisd krige.
Simeon ferstoar op 13 febrewaris 1200 yn it kleaster en waard begroeven njonken de katolikon. It lichem bleau dêr oant 1208, doe't syn omskot nei Servje oerbrocht waard en dêr neffens syn eigen winsken op 'e nij begroeven waard by de katolikon fan it Studenika-kleaster, dat er earder yn 1196 foltôge hie.
It kleaster ûnder Ottomaansk bewâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 15e iuw waard it Byzantynske Ryk troch de Ottomaanske Turken oermastere. Nei de ferovering fan Tessaloniki troch Murad II ûnthieten de muontsen om lyk te jaan, mar der folge fan 'e kant fan it nije bewâld nettsjinsteande geweld en wetteleazens. In tal Servyske muontsen ferlieten Hilandar en gyngen nei Servje. Om spannings mei de kristlike ûnderdienen tefoarren te kommen liet Murad II de besittings en privileezjes fan 'e kleasters fierder gewurde, sadat in sekere ûnôfhinklikens fan Atos bestean bliuwe koe. Yn 1426 joech de Albaneeske ealman Gjon Kastrioti de belestingopbringsten fan in pear doarpen oan it kleaster. Hy en syn soannen, dêrûnder ek de Albaneeske nasjonale fersetsheld tsjin de Ottomaanske besetting Gjergj Kastrioti, bekend ûnder de namme Skanderbeg, hearden ta de restearjende lokale otterdokske aristokraten dy't Hilander trou bleaune. Doe't Kastrioti rjochten oankocht om dêrmei syn pensioen yn it kleaster feilich te stellen, waard de Sint-Joaristoer ta syn eare bekend ûnder de namme de Albaneeske Toer. Gjon Kasstrioti naam letter de monastike namme Joachim oan en ferstoar op 4 maaie 1437 yn it kleaster.
Mei't ek Servje yn 1459 yn hannen fan 'e Ottomanen foel, ferlear Hilandar op 'e nij begeunstigers. De bruorren moasten nije finansjele boarnen sykje om it kleaster te beskermjen en troch de tiid te helpen. In pear jier letter socht Angelina van Krušedol, de Albaneeske frou fan 'e Servyske despoat Stefan Branković, foar it earst om help by de Russyske grutfoarst Vasily III. In ôffurdiging fan it kleaster brocht yn 1550 in besite oan Moskou en it wie tsaar Ivan IV, dy't Hilandar ûnder syn hoede naam en nije sellen foar de muontsen bouwe liet. Yn maart 1556 joech Ivan IV ek in stik lân tichteby it Moskouse kremlyn mei gebouwen oan it kleaster. De tsaren soene it kleaster noch lange tiid op harren noed nimme. Yn 'e 17e iuw naam it tal Servyske muontsen ôf en ek in grutte brân yn 1722 die it kleaster gjin goed. De Russyske pylger Vasili Barski skreau yn 1745 dat de lieding fan Hilandar by Bulgaarske muontsen lei. De muontsen fan it kleaster spilen in grutte rol by it bewustwêzen fan de identiteit fan 'e Bulgaren en it wie yn Hilandar dêr't Sint-Paisius mei syn wurk Istorija Slavjanobolgarskaja oan 'e widze stie fan 'e Bulgaarske Renêssânse. Oant de ein fan 'e 19e iuw bleau it kleaster yn mearderheid befolke troch Bulgaren.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e jierren 1970 woe it Grykske regear Atos oanslute op it elektrisiteitsnet. De Hillige Ried fan 'e berch Atos wegere it oanbod en sûnt produsearje alle kleasters sels de elektrisiteit, dy't op in duorsume wize opwekke wurdt.
Op 4 maart 2004 fûn der in grutte brân plak, wêrby't likernôch 50% fan it ommuorre kompleks ferneatige waard. It fjoer ferwoastge de noardlike helte fan it kompleks ynklusyf de bakkerij. De bibleteek en de âlde ikoanen waarden sparre. Op it stuit wurde grutskalige rekonstruksjes oan it kleasterkompleks útfierd.
Kleasterskatten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster besit in wûnderdiedich ikoan fan 'e Teotokos "fan 'e Trije Hannen" (Gryksk: Tricherusa, Servysk: Тројеручицa). De ikoan wurdt neffens de tradysje yn ferbining brocht mei de mirakuleuze genêzing fan Jehannes fan Damaskus. Om it jier 717 waard Sint-Jehannes in muonts yn it Mar Sabbas-kleaster en joech de ikoan doe oan 'e kleastermienskip dêr. Letter kaam de ikoan yn hannen fan 'e hillige Sava, dy't it oan Hilandar joech. Yn 1661 waard in kopy fan 'e ikoan nei Ruslân stjoerd, dêr't it sûnt bot fereare wurdt troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke. De ikoan hat twa feestdagen: 28 juny (11 july) en 12 july (25 july).
Yn it kleaster wurdt ek it swurd fan keizer Stefan Uroš IV Dušan bewarre.
De bibleteek besit 181 Grykske en 809 Slavyske manuskripten en likernôch 20.000 printe boeken (wêrfan't 3.000 yn it Gryksk).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Hilandar
|