Masedoanje (Grikelân)
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
|---|
Masedoanje, Gryksk: Μακεδονία, Makedonía), ek wol bekend as Súd-Masedoanje, ta ûnderskied fan Noard-Masedoanje. De grutste stêd, en ek de haadstêd fan 'e regio, is Thessaloniki.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Masedoanje wie fòàr 1912 in part fan in provinsje fan it Ottomaanske Ryk. Nei de oarloggen fan 1912 en 1913 late it Ferdrach fan Boekarest (1913) ta in provinsje Noard Grikelân. In 1987 is de histoaryske provinsje opdield yn trije regios. It jier dêrnei waard de namme foar gâns de regio feroare ta Masedoanje
Dat gebiet kaam fan 1991 ôf yn it nijs as de grûn dat Grikelân spul mei syn buorlju oer de namme Masedoanje wichtiger fûn, as freonskip mei it nije buorlân dat úteinlik Noard-Masedoanje te hjitten kaam.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Masedoanje is de rykste lânbouregio fan it hjoeddeiske Grikelân fanwegen de fruchtbere boaiem. It hat in befolking fan 2.424.765 (2001). It gebiet beslacht 34.177 km². It is dêrmei krekt wat grutter as de lannen Belgje en Lúksemboarch byinoar.
It gebiet leit yn it noarden fan it Grykske fêstelân. Yn it westen grinzet it oan Albaanje en yn it noarden oan Noard-Masedoanje en Bulgarije. Yntern yn Grikelân lizzze nei it easten Thraasje en nei it súden de Egeyske See en Thessalje.
Op it skiereilân Chalcidice, op himsels in ûnderdiel fan Masedoanje, leit de autonome kleastersteat Atos.
