Springe nei ynhâld

Simonopetra-kleaster

Ut Wikipedy
Simonopetra
Σιμωνόπετρα
Lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
koördinaten 40° 11' N 24° 14' E
Kleastergegevens
oprjochting 13e iuw
oprjochter Simon de Antonyt
Kaart
Simonopetra-kleaster (Atos)
Simonopetra-kleaster

It Simonopetra-kleaster (Gryksk: Σιμωνόπετρα, letterlik de "Rots fan Simon"), ek bekend ûnder de namme Simonos Petra (Μονή Σίμωνος Πέτρας), is in eastersk-otterdoks kleaster oan 'e súdkant fan 'e hillige berch Atos yn Grikelân. It kleaster is it trettjinde kleaster yn 'e hiërargy fan 'e kleasters op it skiereilân en telt likernôch 50 muontsen.

De súdlike kust fan Atos is oer it algemien rotsich, mar dit diel is útsûnderlik rûch. It Simonopetra-kleaster leit tusken de haven Dafni en it Grigoriou-kleaster heech op in rots, dy't 330 meter boppe seenivo útstekt.

It kleaster waard yn de 13e iuw stifte troch Simon de Antonyt († 1287), in hearremyt dy't yn in hoale by de rots libbe. De muonts soe yn in dream de opdracht fan 'e Mem fan God krige ha om op it plak in kleaster te bouwen. Neffens in oare ferzje soe Simon in stjer sjoen ha, dy't like fûl skynde as de Stjer fan Betlehim. Nei't dy stjer dêr al in tal nachten skynd hie, hearde de muonst op krystjûn in stim dy't sei: "Harkje, do moast hjir de fûneminten fan dyn kleaster lizze foar de rêding fan 'e minskesielen". Simon sette dêrnei útein mei de bou fan it kleaster en joech it de namme Nij Betlehim (Νέα Βηθλεέμ). Yn 1364 betelle de Servyske despoat Jovan Uglješa in renovaasje en útwreiding fan it kleaster.

By in slimme brân yn 1581 ferlear in grut part fan 'e muontsen harren libben. Evgenios, de abt fan it kleaster, reizge dêrnei troch de Donau-foarstedommen om jild yn te sammeljen foar de weropbou. Benammen Michael de Dappere, prins fan Walachije, droech yn 'e foarm fan jild èn grutte lapen lân rynsk by oan 'e renovaasje. Yn 1626 fûn der noch in grutte brân plak en it kleaster krige it tsjintwurdige oansjen nei de brân fan 1891.

De muontsen fan it kleaster wiene de lêste iuwen tradisjoneel ôfkomstich út Ioanje, Lyts-Aazje, dêr't oant de etnyske suvering yn 'e 20e iuw noch in soad Griken wennen. Healwei de 20e iuw fergrize de kleasterbefolking troch it útbliuwen fan in nije ynstream fan jonge muontsen. It hast ferlitten kleaster waard yn 1973 op 'e nij befolke mei muontsen út it kleaster fan Grut Meteoron yn Meteora.

It kleaster bestiet út gebouwen mei meardere ferdjippings. It haadgebou is ûntstien op it plak fan Simon's oarspronklike gebou. De muontsen telle de ferdjippings tradisjoneel fan boppe nei ûnder, dus de heechste ferdjipping is foar de muontsen de earste ferdjipping. De rots dêr't it kleaster op boud is rint dwers troch de leechste ferdjippings hinne.

Utwreiding fan Simon's oarspronklike kleaster fûn jimmeroan plak nei de grutte brannen. It westlike diel waard nei de brân fan 1580 mei help fan it ynsammele jild troch de abt Evgenios boud. De bou fan it eastlike diel folge yn 1891, dat foar de haadsaak betelle waard mei yn Ruslân ynsammele jild.

It koar fan it kleaster hat in reputaasje opboud foar minsken dy't fan Byzantynske muzyk hâlde. It kleaster hat in kolleksje fan tsjerklike Byzantynske lieten op CD útjûn, dêrfan is Agni Parthene ien fan 'e measte populêre, dy't it koar rûnom wurdearring oplevere hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Simonopetra


Kleasters fan Atos

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
· · Berjocht bewurkje