Filoteou-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Filoteou-kleaster

Μονή Φιλοθέου

Katolikon
Katolikon
lokaasje
lân Flag of Greece.svg Grikelân
plak Flag of the Greek Orthodox Church.svg Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
oare ynformaasje
webside inathos.gr

It Filoteou-kleaster (Gryksk: Μονή Φιλοθέου) is in eastersk-otterdoksk kleaster yn de kleastersteat Atos, Grikelân. It op it noardeastlike diel fan it skiereilân lizzende kleaster stiet sûnt 1574 op it tolfte plak yn de hiërargy fan de Atos-kleasters.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oan de Ferkundiging wijde kleaster waard tsjin it ein fan de 10e iuw stifte en ferneamd nei de stifter, de muonts Filotéus.

In bekende muonts fan it kleaster wie de letter hillich ferklearre Kosmas fan Aetolië, dy't op 24 augustus 1779 sûnder oanklacht troch de Turken yn Kolkondas, Albaanje, fermoarde waard.

Mei stipe fan de Georgyske foarsten Leon fan Kagetië en syn soan Aleksander II fan Kagetië waard it kleaster yn de jierren 1539-1540 renovearre. Fresko's fan de beide foarsten binne te sjen yn it refektoarium.

De bou fan in nije katolikon op de fûneminten fan de âlde brocht it kleaster yn finansjele soargen, sadat it bestjoer yn 1900 troch oare Atos-kleasters oernommen wurde moast. Doe't yn 1871 in brân útbriek bleau de nije katolikon sparre.

It kleaster is grutsk op de reliken, dy't yn it 16e-iuwske refektoarium bewarre wurde. Dêrfan binne in fragmint fan it Wiere Krús en de rjochter hân fan Jehannes Krysostomos it neamen wurdich. Yn it kleaster wurde twa ikoanen bewarre dy't wûnderdiedich wêze soene: it Panagia Glykophilous-ikoan en it Panagia Gerontissa-ikoan.

De bibleteek fan it kleaster bestiet út 250 manuskripten, twa liturgyske rollen en likernôch 2500 printe boeken (guon dêrfan Russysk en Roemeensk).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Philotheou monastery