Springe nei ynhâld

Koutloumousiou-kleaster

Ut Wikipedy
Koutloumousiou-kleaster
Μονή Κουτλουμουσίου
Lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
koördinaten 40° 15' N 24° 14' E
Kleastergegevens
oprjochting 12e iuw
wijd oan Transfiguraasje fan 'e Hear
Webside
inathos.gr
Kaart
Koutloumousiou-kleaster (Atos)
Koutloumousiou-kleaster

It Koutloumousiou-kleaster (Gryksk: Μονή Κουτλουμουσίου) of Koutloumousy (Κουτλουμούσι) is in eastersk-otterdoks kleaster yn 'e monastike steat fan 'e hillige berch Atos yn Grikelân. It kleaster stiet op it sechde plak yn 'e hiërargy fan 'e Atos-kleasters.

Yn in dokumint út 1169 wurdt in kleaster mei de namme Koutloumousi neamd en der wurdt fan út gien dat dat itselde kleaster wie as it hjoeddeiske Koutloumousiou-kleaster. Stifter fan it kleaster wie in sekere Koutloumous, in ta it kristendom bekeard lid fan 'e Seltsjûken-dynasty. Neffens in oare ferzje stamde de stifter út in kleaster fan Palestina, dy't yn 'e 11e iuw foar de islaam nei Atos flechtsje moast.

Yn 'e skiednis is it kleaster ferskate kearen slachtoffer woarn fan brân. Dat barde yn 1497, 1767, 1857, 1870 en foar it lêst yn 1980.

De fresko's yn 'e 16e iuwske katolikon fan it kleaster binne orizjineel, mar oerskildere. De klokketoer stamt út de 19e iuw, lykas ek it gebouke oer de hillige boarne.

De kleasterbibleteek bestiet út 662 manuskripten en ûngefear 3500 printe boeken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Koutloumousiou Monastery


Kleasters fan Atos

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
· · Berjocht bewurkje