Dionysiou-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dionysiou-kleaster

Μονή Διονυσίου

07Athos St Dionysius02.jpg
lokaasje
lân Flag of Greece.svg Grikelân
plak Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Midden 14e iuw (stiftingsjier)
oare ynformaasje
webside mountathos.gr

It Dionysiou-kleaster (Gryksk: Μονή Διονυσίου) is in eastersk-otterdoksk kleaster yn de monastike steat fan de berch Atos yn Grikelân op it súdwestlike diel fan it skiereilân. It tusken Agiou Pavlou en Osiou Gregoriou lizzende kleaster is it fyfte yn de hiërarchy fan de Atos-kleasters.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard yn it midden fan de 14e iuw troch de muonts Dionysios fan Koryssos stifte. Syn broer Teodosius wie metropolyt fan Trebizond en dy wist keizer Aleksios III oer te heljen om it kleaster mei rynske jeften te begeunstigjen. Ek keizers fan it Byzantynske Ryk en de prinsen fan de Donaufoarstendommen soargen foar foarse finansjele stipe.

Fresko sechsde segel fan de Apokalyps: de ierdskodding

Yn 1535 waard it kleaster foar in grut part troch in brân yn'e jiske lein. In weropbou folge en sûnt is der net in soad mear oan de arsjitektuer feroare.

It op in hichte fan 80 meter boppe de seespegel lizzende kleaster leit op in smelle útrinner fan de berch. De krappe romte makke it needsaaklik dat de kleastergebouwen om de katolikon hinne oanboud binne.

De readkleurige katolikon fan it kleaster is wijd oan de berte fan Jehannes de Doper. De tsjerke waard tagelyk mei it kleaster boud, mar it fjoer fan 1534 ferwoastge de tsjerke. Nei de weropbou waard it ynterieur yn 1546 troch Zorzi út Kreta beskildere mei fresko's. De Apokalypssyklus yn de katolikon en it refektoarium is de âldste noch komplete foarstelling yn fresko's fan it tema yn de otterdokske wrâld. Yn de tsjerke stiet in fergulde ikonostaze.[1]

It kleaster besit in bibleteek mei 804 manuskripten en mear as 4000 printe boeken. De âldste manuskripten stamme út de 11e iuw. Fan it grutte tal reliken fan it kleaster is benammen de rjochterhân fan Sint-Jehannes de Doper it neamen wurdich. Ek besit it kleaster in reliëf fan de krusiging út de 10e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Dionysiou