Pantaléon (hillige)
Pantaléon (Panteleimon) | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ± 275 | |
berteplak | Nikomeedje | |
stjerdatum | 303 | |
stjerplak | Nikomeedje | |
etnisiteit | Gryksk | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken Anglikaanske Tsjerke | |
hjeldei | 27 july; Koptysk: 13 july en 12 oktober | |
attributen | Spiker, medisinenbuske, spatel, swurd | |
patroan fan | Keulen, dokters, ferpleegkundigen, ferloskundigen; hûsdieren, tsjin pine yn 'e holle, útputting en ferienlikjen, tsjin sprinkhoannen en feesyktes |
Sint-Pantaléon of Sint-Panteleimon (Gryksk: Πανταλέων; ± 275 yn Nikomeedje (tsjintwurdich Ízmit, Turkije) - † 303 yn Nikomeedje) is in hillige yn de Eastersk-Otterdokse , Roomsk-Katolike - en Anglikaanske Tsjerke.
Pantaléon libbe yn in tiid fan swiere kristenferfolgings ûnder keizer Diokletianus. De keizer hie hjitten bibels te ferbaarnen, tsjerken te slopen en kristlike lieders te arrestearjen en te deadzjen - Pantaléon wie ien fan harren.
Yn de Roomsk-Katolike Tsjerke is Pantaléon sûnt de midsiuwen ien fan de Fjirtjin Needhelpers.
Hagiografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de oerlevering wie Pantaléon de soan fan in mem dy't kristen wie en in heidenske heit. Al as bern soed er de krêft ha om te genêzen en doe't ris in bern op strjitte troch in slang biten wie en dêroan stoar soed er boppe dat bern de namme Jezus útroppen ha wêrnei't it bern wer libben waard. Pantaléon waard troch de liifdokter fan de keizer yn de genêskeunst ûnderwiisd en dêrnei troch in wize preester mei de namme Hermalaus doopt. Doe't er letter in bline better makke troch Jezus oan te roppen en syn heit dat seach, bekearde dy him ek ta it kristendom.
Troch't Pantaléon súkses hie mei it genêzen fan minsken út namme fan Jezus levere him dat de oergeunst fan oare dokters op. Hja makken him min by de keizer om joegen him oan as ien dy't de God fan de kristenen fereare. Keizer Maksimianus droech Pantaléon op om wer oan de âlde goaden te offerjen, mar Pantaléon stelde him út in sike te bringen dy't net troch oaren better te meitsjen wie. Der waard in lamme man oandroegen en it slagge Pantaléon om de lamme wer yn namme fan Jezus op fuotten te krijen. Keizer Maksimianus naam doe Pantaléon yn tsjinst as persoanlike dokter. Mar doe't Pantaléon oan de frou fan de keizer sei dat er in kristen wie en har ek besocht te bekearen, waard Pantaléon ferret en oanjûn by de keizer.
Pantaléon waard troch Diokletianus arrestearre, oanklage en tamtearre troch giseling. Hy waard brânmerke, úthongere, mar hy bleau hoekhâlden yn syn leauwe. En doe't er foar de liuwen smiten waard joegen dy harren del ynstee fan him op te ferskuorren. Lang om let waard Pantaléon oan in deade beam fêstbûn en spjalten se him neffens in leginde mei in swurd de plasse, mar noch slagge it de beul net Pantaléon dea te krijen. In oar ferhaal wol ha dat se him de hannen op de holle fêstspikeren. Pantaléon lykwols frege oan syn himelske Heit om genede en ferjouwing foar syn beul en dêrop spriek in stim út de himel dat er tenei Panteleimon hjitte soe. Dat wol safolle sizze as "barmhertich yn alles", wylst syn âlde namme "in liuw yn alles" betsjutte. De stim ûnthiet boppedat dat tenei in soad minsken troch syn foarbea barmhertigens ûnderfine soene. De beul wist him gjin rie en treuzele om it wurk dien te meitsjen, it wie doe de rjochter Hierokles sels dy't it swurd pakte en him de holle ôfsleach. Ut it lichem fan de ûnthalze Pantaléon rûn doe gjin bloed mear, mar kleare molke.
It bloed dat by it marteljen op de grûn fallen wie soe de deade olivebeam wer libben jûn ha. De beam waard grien en joech tenei in rynske rispinge.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn de 4e iuw begûn de ferearing fan Pantaléon. Oer it martlerskip fan Pantaléon waard foar it earst troch biskop Teodoretus fan Kyros yn it Gryksk skreaun en yn de 5e of 6e iuw folgen al gau oersettings yn it Armeensk en it Koptysk. De kristenheid fan it easten ferearet Pantaléon as ien fan de grutte martlers; dêr wurdt er ta de "hillige dokters" rekkene. Keizer Justinianus liet yn Konstantinopel yn it jier 550 foar Pantaléon in tsjerke bouwe. Yn hiel Europa ûntstiene tsjerken dy't oan Pantaléon wijd waarden. Yn 'e regel wurdt de hillige yn West-Europa Pantaléon neamd, wylst yn it easten de namme Pantaleimon wurdt oanholden.
Stadichoan fûnen de reliken fan de hillige ek it paad nei West-Europa. Der kamen reliken fan de hillige nei Keulen en fanút Keulen wreide de kultus him yn de 11e en 12e iuw fierder út troch it oerbringen fan in grut tal reliken nei oare plakken yn it germaanske kultuergebiet. De holle fan de hillige wurdt bewarre yn it Panteleimon-kleaster op Atos, mar ek yn Lyon of Parys (Abdij fan Saint-Denis) soe de holle fan de hillige telâne kommen wêze. Reliken binne fierder te finen yn Genua, Arles, Verdun, Ravenna, Andechs, Salem en Zwiefalten. Saneamde Pantaléon-ampullen, dêr't molke yn bewarre wurdt dy't fan Pantaléon ôfkomstich wêze soe, wurde bewarre yn Bari, Napels, Feneesje en Madrid. Yn de oan Pantaléon wijde domtsjerke fan Ravello wurdt de ynhâld alle jierren op 'e nij floeiber.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it easten wurdt Pantaléon yn 'e regel ôfbylde as in jonge man sûnder burd mei in krús, in medisinenbuske en in spatel. Yn it westen stiet Pantaléon fakentiden fêstbûn oan in beam mei syn hannen op 'e holle fêstspikere. Ek de bile komt foar as attribút.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Georg (Heiliger)
|
- Aldgryksk hillige
- Gryksk persoan yn de Romeinske Tiid
- Persoan dy't de deastraf krigen hat
- Roomsk-katolyk hillige
- Eastersk-katolyk hillige
- Eastersk-otterdoks hillige
- Syrysk-otterdoks hillige
- Koptysk-otterdoks hillige
- Armeensk-otterdoks hillige
- Anglikaansk hillige
- Persoan berne yn de 3e iuw
- Persoan stoarn yn 303