Jaroslavl

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jaroslavl
Yarolslav colage.png
Flagge Wapen
Flag of Yaroslavl.png Coat of Arms of Yaroslavl (1995).png
Sifers
Ynwennertal 599.169 (2013)
Oerflak 205,37 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 2913 / km²
Hichte 100 m
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Jaroslavl
Federaal distrikt Sintraal
Oar
Stifting 1010
1073 (stêd)
Tiidsône UTC+3
Simmertiid
Koördinaten
Webside [ ]
Plak fan oblast Jaroslavl yn Ruslân

Jaroslavl (Russysk: Ярославль) is in stêd yn midden Jeropeesk Ruslân oan de rivier de Wolga, op sa'n 250 kilometer noardeastlik fan Moskou. It plak is it bestjoerlik sintrum fan de oblast Jaroslavl. It histoarysk sintrum fan de stêd, by it byinoar kommen fan de Wolga en de Kotorosl, stiet op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De stêd is part fan de Gouden Ring fan Ruslân, in groep fan toeristyske, histoaryske stêden om Moskou hinn en is ien fan de âldste stêden fan it lân.

De hjoeddeiske stêd leit op 7 kilometer benoardeasten de eardere Wytsingedelsetting Timerjovo út de 8e of 9e iuw. Foar de komst van de Slaven wennen op it plak fan Jaroslavl sprekkers fan Finûgryske talen.

De stêd hat in binnenhaven (oan de Wolga), is in ferkearsknooppunt (spoar, wegen, skipfeart) en wichtich yndustrieel sintrum, mei ûnder oaren ierdoaljeraffinaazje, de bou fan motors, masines en hys- en takelapparatuer; rubber-, tekstyl-, hout-, grafyske en fiedingsmiddelenyndustry. De universiteit bestiet sûnt 1970; der binne ferkate hegeskoallen en wittenskiplike ûndersyksynstituten. Fierders hat de stêd musea foar arsjitektuer, byldzjende keunsten en skiednis; planetarium. It Volkovteäter, yn 1750 stichte troch Volkov en Poljoesjkin, is it âldste teäter fan Ruslân.

Ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Ynwennertal
1811 23.800
1840 34.900
1856 26.900
1863 27.700
1897 71.616
1914 111.200
1923 91.000
1926* 112.200
1931 155.500
1939 299.359
Jier Ynwennertal
1956 374.000
1959* 407.071
1962 443.000
1967 498.000
1970* 517.314
1973 549.000
1976 576.000
1979 596.951
1982 614.000
1986 630.000
Jier Ynwennertal
1989* 632.991
1992 636.900
1996 627.500
1998 623.300
2002* 613.088
2005 605.200
2007 604.000
2008 605.200
2010* 591.486

Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Jaroslave steane in Untsliepeniskatedraal en in Aartsingel Michaëltsjerke, neffens de oerlevering beide út 1215.

Partnerstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar