Stefanus (martelder)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hillige Stfanus

Stefanus (Gryksk: Στέφανος, Stephanos) jildt as de earste martelder fan it kristendom. Hy wie diaken fan de earste kristlike gemeente. Hy waard stiennige neidat er yn Jeruzalem de hegepryster en de âldsten fan de moard op de Messias. De lettere apostel Paulus wie it iens mei syn eksekúsje.

Stefanus stoar yn 35. Neffens leginde waard syn lichem yn 415 yn Jeruzalem fûn. It lichem waard, oer Konstantinopel, oerbrocht nei it Faticaan yn Rome. De oerbliuwsels waarden yn it grêf fan Laurentius fan Rome byset.

Syn feestdei wie fanâlds op 3 augustus, dan waard de Fynst fan syn lichem ûnder it regear fan Keizer Honorius betocht. 26 desimber is de nammedei fan Stefanus, Sint-Steffensdei.

Utbylding Sint-Stefanus[bewurkje seksje | edit source]

Stefanus wurdt meast ôfbyld yn de klaaiing fan de diaken, de dalmatyk. It is faak in jonkeardel sûnder burd dy't der freonlik útsjocht. As attribút draacht er stiennen dy't er faak op de holle, yn de hannen of op de skouders hat, al as net bebloede.