Trijekeningen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tradisjoneel ôfbyld fan de besite fan de wizen út it easten

Trijekeningen, Epifany of de Ferskining fan de Hear (Latynsk: Solemnitas Epiphaniae Domini) is in kristlik heechfeest dat alle jierren op 6 jannewaris wurdt betocht. It feest giet werom op it bibelske ferhaal yn Mattéus 2:1-18 oer de wizen út it easten, dy't sochten nei de "Kening fan de Joaden" en troch in stjer nei Betlehem brocht waarden om dêr Jezus te finen en Him dêr mirre, goud en weireek offeren.

Mei de ferskining wurdt de iepenbiering fan de minsklike oanwêzigens fan God yn de persoan Jezus Kristus bedoeld. Dêrby wurdt tocht oan de Berte fan Jezus út de jongfaam Marije, de ferearing fan de hoeders, de oanbidding fan de wizen oant de doop yn de Jordaan en it earste wûnder fan Jezus op de brulloft yn Kana (Jehannes 2:1-11).

Fanwegen it optreden fan Jezus by de brulloft fan Kana, dêr't Jezus foar it earst in wûnder die, wurdt dat feest krekt lykas de oanbidding as in "Keningsfeest" beskôge. Dy gedachte joech oan paus Pius XI de ynspiraasje om it tema yn 1925 ta in selsstannich feest op de roomske kalinder yn te fieren, it Kristus Keningfeest.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Feest fan de Ferskining fan de Hear waard foar it earst yn Egypte op útskroeven wize mei in oktaaf fierd. De datum seis jannewaris bleau yn de Easterske Tsjerke it feest fan de Komst fan Kristus en tagelyk fiere Easterske kristenen dan ek de doop fan Jezus. By de doop die ommers op 'e nij de godlikens fan Jezus bliken: de himel kuorde iepen, in do striek boppe Jezus del en in stim fan boppen befêstige dat Jezus de Messias wie (Mattéus 3:16-17). De Tsjerke fan it Jûnslân, dy't de berte fan Jezus al op 25 desimber fierde, naam it feest fan de Ferskining fan de Hear letter oer en betinkt op 6 jannewaris de oanbidding fan de keningen (of wizen), de doop fan Jezus yn de Jordaan en de brulloft yn Kana, mar de klam leit op de oanbidding troch de wizen. De doop fan Jezus stiet sintraal op de snein nei Epifany.

Tradysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiering Trijekeningen yn Warsjau
Stjerresjongers yn Ruslân (1880)

Alhoewol't it Mattéus-evangeelje it allinne hâldt op wize manlju út it easten dy't Jezus yn Betlehem fûnen en der fierder nearne in oantal neamd wurdt, waarden de wizen yn ús tradysje letter trije keningen mei de nammen Kaspar, Balthasar en Melchior. Yn in soad roomske lannen en inkelde protestanske lannen is Trijekeningen in frije dei en wurdt it feest altiten op de dei sels fierd.

Yn de folkloare binne der allinne noch yn guon plakken yn it suden fan Nederlân restanten fan it feest oanwêzich. Eartiids gyngen bern yn katolike gebieten mei in lampion by de streek del, mar dat is gruttendiels yn ûnbrûk rekke. De stêden Maastricht en De Bosk hâlde yn it ramt fan it feest dêrfoar oer noch alle jierren in grutte optocht troch de strjitten. Yn katolike lannen is it feest noch jimmeroan sterk ferankere yn de folkloare. It saneamde stjerresjongen is in gebrûk dat oant de 19e iuw ek yn guon dielen fan ús lân praktisearre waard, mar noch yn in soad katolike lannen yn ferskate farianten bestiet. Bern geane dan as ferklaaide keningen mei in stjer by de streek del om snobberij yn te sammeljen. Yn Dútsktalige lannen sammelje bern jild yn foar in goed doel en skriuwe hja op de doarren fan de minsken dy't de doar iepenje de earste letters fan de keningen (C+M+B), dat tagelyk Christus Mansionem Benedicat ("Kristus segenet dit hûs") betsjut. Ek yn lannen mei in luthersk en anglikaansk stimpel bestiet it stjerresjongen.

Yn Spanje en guon dielen fan Meksiko fynt tradisjoneel op de jûn fan 5 jannewaris de Cabalgata de Reyes Magos plak. Op fersierde weinen ride dan de trije keningen troch de strjitten en harren tsjinsfolk smite de bern dan snobberij ta. It Feest fan de Trije Keningen hat yn Spanje in soad fan ús tradisjonele Sinterklaasfeest: foar it op bêd gean poetse de bern de skuon en sette dy op. De oare moarns op 6 jannewaris lizze dan yn de skuon kado's fan de hillige trije keningen, mar as de bern ûndogensk west ha lizze der in ynstee fan kado's swarte koaltsjes.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Erscheinung des Herrn