Presintaasje fan Jezus yn de Timpel
De Presintaasje fan Jezus yn de Timpel referearret nei it nei de timpel bringen fan Jezus troch Marije en Joazef om Him dêr oan God op te dragen. Dêrmei foldiene Marije en Joazef oan de wet dat alle earstberne jonkjes tawijd wurde moasten oan de Heare. It wurdt beskreaun yn it evangeelje fan Lukas. It feest wurdt op 2 febrewaris, fjirtich dagen nei Kryst, betocht.
Yn de eastersk-otterdoksy wurdt de presintaasje fan Jezus yn de timpel fierd as ien fan de tolve Grutte Feesten. Yn it westerske kristendom is de tradisjonele namme fan de dei Marije-Ljochtmis. Protestanske tsjerken skaften it Mariale karakter fan it feest ôf, mar ek yn katolike tsjerken is it feest nei de liturgyske fernijings fan it Twadde Fatikaansk Konsylje yn de jierren 1960 yn it foarste plak in Kristus-feest woarn.
Dêrnjonken betinke kristenen ek it suveringsoffer dat Marije fjirtich dagen nei de berte fan Jezus neffens de joadske wet (Leviticus 12) bringe moast (Purificatio Mariae) en de Moeting fan de Hear.
Bibel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de wet fan Moazes moast eltse earstberne soan him yn de timpel sjen litte oan God. Om oan de wet te foldwaan gyngen Marije en Joazef fjirtich dagen nei de berte fan Jezus nei de timpel yn Jeruzalim. Hja namen ek in keppel dowen mei as offer. Ynjûn troch de Hillige Geast gyng ûngefear tagelyk ek de fromme Simeon nei de timpel om dêr de Kristus te sjen dy't God ûnthjitten hie. Doe't Joazef en Marije mei de poppe de timpel ynkamen, naam Simeon it bern op 'e earmen en priizge God mei in lofliet. Nei't Simeon de âlden segene hie seid er tsjin Marije: Gâns minsken yn Israel sille oer dit jonkje falle en troch Him oereinkomme. Hy is set ta in teken fan God, dat tsjinspraak opropt. Ek troch jo hert sil in swurd gean. Hoe't partij minsken oer him tinke, moat sa oan it ljocht komme. Wylst foege ek de âlde profetes Anna har by it selskip.
It ferhaal fan de presintaaje slút oan op de nammejouwing en de besnijenis fan Jezus op de achtste dei nei de berte en giet oer twa mei inoar ferweve joadske riten, dy't harren woartels hawwe yn de foarskriften sa't dy beskreaun wurde yn it bibelboek Leviticus. De troch Lukas hantearre folchoarder (besnijenis, de suvering fan de frou en de tawijing fan it earstberne jonkje) komt oerien mei de it troch Torah fereaske tiidsskema.
Suveringsoffer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de foarskriften fan Moazes jildt de frou nei de berte fan in jonkje 40 dagen (sân plus 33 dagen; Leviticus 12:2-4) en nei de berte fan in famke 80 dagen (14 plus 66 dagen; Leviticus 12:5) as ûnrein. Oant sa lang mei de frou neat hillichs oanreitsje en is it har ferbean yn de timpel te kommen. As dy tiid om wie moast hja in skiep fan in jier en in jonge do jaan oan de preester, dy't it oan de Heare offere en fersoening beävensearje moast, sa't de kreamfrou wer suvere waard. Foar earmere minsken wiene in koppel toarteldowen of twa jonge dowen ek foldwaande (Levitius 12:1-8).
De hilliging fan de earstberne soan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta oantinken fan it ein fan de slavernij yn Egypte waard dêrnjonken ek de earstberne soan as it eigendom fan God beskôge (Eksodus 13:1:Wat by de Israeliten de memmeskurte foar it earst ûntslút, sawol by minsken as by bisten, is fan My). Dêrom moast de earstberne yn de timpel oanbean ("presintearre") wurde, dy't mei in jildoffer wer loskocht wurde koe (Numeri 18:16). It evangeelje fan Lukas makket melding fan dy wijing fan de earstberne soan, mar oer it loskeapjen wurdt neat skreaun, in wênst dy't oant hjoeddedei noch jimmeroan yn it tradisjonele joadendom praktisearre wurdt.
Liturgy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerklike feest fan de Presintaasje fan de Hear ûntstie yn de 4 ieuw yn Jeruzalim njonken it feest fan de Berte fan Jezus. De waard al gewach fan makke troch de kristin Egeria, dy't om 400 hinne in pylgerreis makke nei it Hillige Lân en yn har Itinerarium Egeriae ynformearret oer de kristlike liturgyske praktyk yn Jeruzalim. Oarspronlik wie de dei fêststeld op 14 febrewaris (40 dagen nei de epifany op 6 jannewaris), mar fan ôf de 6e ieuw ferskode it feest nei 2 febrewaris (40 dagen nei it heechfeest fan de Berte fan Jezus op 25 desimber). Op it feest fan de Presintaasje fan de Hear wurde yn katolike tsjerken oan it begjin fan de misse de kearsen segene en oanslutend in ljochtprosesje mei baarnende kearsen holden. De prosesje symbolisearret de yntrede fan Kristus, it Ljocht fan 'e Wrâld, yn de timpel fan Jeruzalim. De lokale parochytsjerke symbolisearret hjir de hillige stêd Jeruzalim, dêr't Kristus oanwêzich is. Sa moetsje de dielnimmers oan de prosesje by de yntocht yn de tsjerke Jezus en begeliede se it kommen fan Jezus yn ús wrâld mei it ljocht fan de kearsen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst oarspronklik it ferhaal fan Lukas sintraal stie by it feest, waarden der al gau oare saken oan tafoege. De presintaasje fan de Hear, dy't neffens it Nij-Testamintyske krystferhaal yn Betlehem berne is, waard de earste yntocht fan Jezus yn de Davidstêd Jeruzalim. Neffens in âld gebrûk teagen eartiids alle bewenners fan in stêd harren kening yn 'e mjitte by syn earste yntocht en dat gebrûk waard al gau ek yn de liturgy yntegrearre. Oan de wei fan Jeruzalim nei Betlehem lei in kleaster, dat troch in frou mei de namme Hikelia stifte wie. Hikelia soe de muontsen kearsen meijûn ha, om dêrmei Kristus yn 'e mjitte te rinnen en dêrnei yn prosesje mei Jezus nei de hillige stêd te tsjen. Yn dy leginde woartelt de ljochtprosesje, dy't yn de 8e ieuw ynfierd waard en oant de dei fan hjoed yn katolike tsjerken in fest plak yn de liturgy fan de feestdei ynnimt (sjoch ek Lukas 2:32).
Yn de rin fan de tiid ferskode it swiertepunt fan it Presintaasjefeest fan Jezus nei Marije. Ut it feest fan de Presintaasje fan de Hear kaam Marije-Suvering en Marije-Ljochtmis fuort. Sûnt de liturgyske herfoarmings yn de jierren 1960 yn de Roomsk-Katolike Tsjerke is it feest wer foar alles in Kristus-feest. Sûnt 1997 jildt it feest fan de Presintaasje fan de Hear ek as de dei fan it Wijde Libben.
Mei it ferlizzen fan it feest fan 14 nei 2 febrewaris kaam it feest tichteby de betinkingsdei fan de hillige Blasius († om 316) op 3 febrewaris te lizzen. Oan it feest fan de hillige Blasius is de saneamde Blasiussegen ferbûn, dy't sûnt de 16e ieuw yn katolike tsjerken jûn wurdt. Faak wurdt de Blasiussegen ek op de jûn foar 3 febrewaris jûn, dus op de jûn fan it feest fan de Presintaasje fan de Hear.
Liturgyske kalinder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Katolike Tsjerke betsjutte de Ljochtmis eartiidsit offisjele ein fan de Krystsyklus. Ek tsjintwurdich bliuwe yn guon katolike tsjerken en hûshâldings de kryststâl en/of krystbeam noch oant 2 febrewaris stean. Sûnt de jierren 1960 einiget de Krysttiid offisjeel mei it feest fan de doop fan de Hear, de snein dy't op it heechfeest fan de Ferskining fan de Hear (Epifany, 6 jannewaris) folget. Yn de measte protestanske denominaasjes wurdt de epifany lykwols as ôfsluting fan de krysttiid beskôge.
It feest wurdt yn easterske tsjerken Hypapante ("Moeting") neamd. De klam wurdt yn de otterdoksy lein op de moeting fan de Ferlosser mei de frommen fan Syn folk, dy't Him ferwachtsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Darstellung des Herrn
|