Ritsumasyl
Ritsumasyl | ||
Ritsumasyl mei de brêge út 2018 | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
De Waadhoeke | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 60-70 (?) | |
Oar | ||
Stifting | 15e iuw | |
Koördinaten | 53° 13' NB, 5° 40' EL |
Ritsumasyl is in buorskip fan Marsum en Deinum westlik fan Ljouwert yn de gemeente De Waadhoeke. Ritsumasyl leit by de brêge oer it Sylster Rak. It noardlike diel dêrfan falt ûnder Marsum en it súdlike diel ûnder Deinum. De buorskip bestiet út sawat 20 huzen, 10 wenboaten en omlizzende pleatsen. Ritsumasyl stribbet nei de status fan selstannich doarp.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ritsumasyl ûntstie tsjin it ein fan de 15e iuw út Ritsumabuorren as in twadde delsetting by de krusing fan de Hegedyk en it Sylster Rak. Ritsumabuorren is oant de N31 it noardlike bûtengebiet fan Ritsumasyl en stie yn 1365 as 'Ritsum' bekend en yn 1511 as 'Ridtsen'. Sûnt de twadde helte fan de 20e iuw is it net mear in apart plak. Ritsumabuorren tsjut op it wenplak (hiem/um) dat troch de persoan Rik stifte is. Ritsumasyl waard yn 1511 'Bocko tho Zijl' neamd, doe't dêr in Bocko wenne en yn 1622 waard it 'Ritzumerzyl'. De buorskip is in âlde útwettering oan de Middelsee en 'syl' ferwiist nei de slús, dy't ea nei de Middelsee iepene.
It Sylster Rak wie eartiids de foarnaamste farferbining fan noardwest-Fryslân mei Ljouwert. Nei de oanlis fan it Van Harinxmakanaal en de nije brêge súdlik fan it plak waard de âlde wetterferbining en it ferdwinen fan de draaibrêge oer it rak oerstallich en de trochfeart ûnmooglik. Nei de oanlis fan it Van Harinxmakanaal en de nije brêge súdlik fan Ritsumasyl ferdwûn de brêge mei it opheegjen fan de Hegedyk foar it groeiende ferkear. De Hegedyk wie doe in wichtige ferbining tusken Boalsert en Ljouwert. Yn it rak kaam in daam mei in dûker, sadat der gjin skipferkear mear mooglik wie.
Dy daam is in pear jier lyn wer ferwidere en yn 2018 waard tagelyk mei in nij doarpsplein in nije flapbrêge oer it wer útgroeven Sylster Rak iepene. [2] Mei't Ritsumasyl foar it autoferkear dearinnend is, hat it plak gjin oerlêst mear fan trochgeand ferkear.
It gebiet tusken Marsum, Deinum, Boksum en Ritsumasyl is yn 2018-2019 rekreatyf ferbettere. Tusken de doarpen is it Boksumer Soal befarber makke, der binne haventsjes kommen en by Marsum is sels in stikje strân oanlein.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Plaatsengids.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|