Boksumer Soal

Ut Wikipedy

It Boksumer Soal is in wetter yn de gemeenten Ljouwert en De Waadhoeke. De feart rint fan de Hilaarder Feart nei Boksum de N359 bylâns. Dan west fan Boksum twa kear ûnder de N359 troch en dan súd fan de N31 ûnder it spoar troch nei de Swette.

De namme Boksumer Soal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Boxumervaart.