Skarsterlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skarsterlân
Joure, straatzicht met kerk foto4 2011-04-26 17.19.JPG
Strjitbyld út it sintrum fan De Jouwer.
flagge wapen
Flagge fan Skarsterlân.png Skarsterlan wapen.svg
Wapen fan Skarsterlân
lokaasje
Map - NL - Municipality code 0051 (2009).svg
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak De Jouwer
grutste plak De Jouwer
ynwennertal 27.467 (2013)
befolkingstichtens 148,2 / km²
oerflak 216,80 km²
● wêrfan lân 185,26 km²
● wêrfan wetter 31,54 km²
tal doarpen 30
ferkearsieren A6, A7, A32, E22, N354
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Doniawerstal wapen.svg Gritenij Doanjewerstâl
Haskerland wapen.svg Gritenij Haskerlân
Schoterland wapen.svg Gritenij Skoatterlân (diel)
Utingeradeel wapen.svg Gritenij Utingeradiel (diel)
1851 – 1934 Flagge fan Doanjewerstâl.png Gem. Doanjewerstâl
Flagge fan Haskerlân.png Gem. Haskerlân
Wapenbanier fan Skoatterlân.PNG Gem. Skoatterlân (diel)
Flagge fan Utingeradiel.PNG Gem. Utingeradiel (diel)
1934 – 1984 Flagge fan Doanjewerstâl.png Gem. Doanjewerstâl
Flagge fan Haskerlân.png Gem. Haskerlân
Heerenveen flag.svg Gem. It Hearrenfean (diel)
Flagge fan Utingeradiel.PNG Gem. Utingeradiel (diel)
opheft 2014
opgien yn Flagge fan De Fryske Marren.png De Fryske Marren
Heerenveen flag.svg It Hearrenfean
no part fan Flagge fan De Fryske Marren.png De Fryske Marren
Heerenveen flag.svg It Hearrenfean
oar
netnûmer 0513, 0514, 0566
postkoade 8461–8544
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.skarsterlan.nl

Skarsterlân (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Scharsterland) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân, dy't op 1 novimber 2013 27.467 ynwenners hie.[1] De gemeente besloech in oerflak fan 216,8 km², wêrfan 31,5 km² wetter.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Skarsterlân waard yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 foarme út 'e âlde gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl, mei dêropta it doarp Nijbrêge fan 'e gemeente It Hearrenfean en de doarpen Eagmaryp en Terkaple fan 'e eardere gemeente Utingeradiel.

Op 1 jannewaris 2014 is de gemeente fúzjearre mei Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat, sadat de nije gemeente De Fryske Marren ûntstie. De beide doarpen Nijbrêge en Haskerdiken binne nei de gemeente It Hearrenfean oergien.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadplak fan de gemeente is de flekke De Jouwer. De oare plakken yn de gemeente binne: Aldehaske, Alde Ouwer, Boarnsweach, De Broek, Diken, Dunegea, Eagmaryp, Goaiïngaryp, Haskerdiken, Haskerhoarne, Jiskenhuzen, Langwar, Legemar, Nijbrêge, Nijehaske, Ousterhaule, Ousternijegea, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum, Sint Jansgea, Sint Nyk, Skarsterbrêge, Sniksweach, Terkaple, Teroele, Tsjerkgaast en Vegelinsoard.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk is foar 65% fan de Skarsterlanners de memmetaal. Njonken it Frysk wurdt ek Nederlânsk (foar 26% fan de ynwenners de memmetaal), Stêdsk (3%) en Stellingwerfsk (1%) yn de gemeente strutsen. In útlânske taal is foar 1% fan de minsken de memmetaal.[2]

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boarne: CBS
  2. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 272. ISBN 9789001779047

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Dongeradiel • Eaststellingwerf • Ferwerderadiel • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Kollumerlân • Ljouwert • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
takomstige gemeenten
Noardeast-Fryslân (fan 2019 ôf)
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)